Snits rekkenet yn 2018 op 60.000 minsken foar At the Watergate

SNITS – De trettjinde edysje fan it European Youth Music Festival (EYMF) fynt yn 2018 yn Snits en omkriten plak ûnder de namme ‘At the Watergate’. Tidens in parsekonferinsje yn Theater Sneek binne freed de namme, it logo, de webside en de partners en sponsors bekend makke. It festival wurdt fan tiisdei 8 oant ‘e mei freed 11 maaie 2018 hâlden.

Lieuwe Toren, direkteur-bestjoerder fan Cultuur Kwartier Sneek, sei freed: “Njonken in bydrage foar it festival sil de Rabobank, as ien fan de haadsponsors, ek in ynstrumintefûns yn it libben roppe wêrtroch bern foar lege kosten in ynstrumint hiere kinne. Hjirmei wurdt der foar in protte jeugd in wichtige drompel weinommen om muzyk te meitsjen.”

49 poadia, 23 lannen

At the Watergate wurdt op woansdei 9 maaie op spektakulêre wize offisjeel iepene by de Wetterpoarte yn Snits. Ben van der Knaap, artistyk direkteur fan At the Watergate, neamde yn in presintaasje in oantal sifers: 60 tûzen besikers, 7 tûzen dielnimmers út 23 lannen, 49 poadia, 650 konserten, 234 bussen en 61 tûzen ytbeurten.

Oeds Westerhof (Ljouwert-Fryslân 2018) en Mirjam Bakker (wethâlder fan kultuer gemeente Súdwest Fryslân) fertelden by de parsekonfersinje mear oer it belang fan it festival foar de regio. Westerhof neamde it festival in katalysator foar de muzykedukaasje en joech oan dat der njonken dit projekt, ek út de organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 wei omtinken wêze sil om amateurkeunsten in poadium te bieden.

Wethâlder Bakker beklamme it belang fan At the Watergate foar de stêd Snits en de neie omkriten. Net allinne foar de ekonomy, it toerisme en de hoareka, mar benammen foar de kultuer.

Mear skoalorkesten

Tidens At the Watergate fine der in stikmannich syd-eveneminten plak wêrûnder ‘Walking Jazz’, in tocht fan dielnimmende muzikanten lâns hoareka-gelegenheden yn Snits. Foarôfgeand oan it festival is der op tiisdei 8 maaie en woansdei 9 maaie in grut kongres by Cultuur Kwartier Sneek. Hjir sille goed 550 Europeeske fertsjintwurdigers út de keunstedukaasje wei by-inoar komme om it belang fan muzykedukaasej mei elkoar te bepraten. Fanút it kongres sil der in statement makke wurde rjochting de polityk om dit belang te ûnderstreekjen.

Ek is der in râneprogrammearring mei it primêr en sekundêr ûnderwiis yn Snits en omkriten. Anne Oosterhaven, projektlieder fan dit ûnderdiel, spruts oer de neilittenskip fan it projekt wêrnei’t der in soad skoalorkesten by komme sille.

Barcelona en San Sebastian

Stêden as Budapest, Barcelona en Trondheim wienen earder al gasthear fan it European Youth Music Festival. Ofrûne maaie fûn it evenemint plak yn San sebastian, dit jier de kulturele haadstêd fan Europa. De trettjinde edysje sil as At the Watergate diel útmeitsje fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Skoaljonge Michiel Vossenberg brocht ôfrûne maaie as jong muzikant in besyk oan it festival. Hy joech de organisaasje mei dat it wichtich is om mear moetings tusken orkesten en mear spylbeurten foar de muzikanten te organisearjen. Eat wat de wurkgroep just neistribbet troch it festival te konsentrearjen om de Wetterpoarte yn Snits hinne.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators