Ga naar inhoud
MAP
fy

Spannum libbet op tanksij midsiuwsk beleefteater

SPANNUM – Wat in entûsjasme! De ynwenners fan Spannum wurkje mei man en macht oan in bysûnder Iepenloftspul oer it libben fan Sybrant Roorda. Yn it kylwetter fan harren oansteklike besieling wurdt elke ynwenner ontrúne om dochs foaral mei te dwaan. Wolkom yn de wrâld fan âld-Spannumer Sybrant Roorda, de man dy’t al fiifhûndert jier dea is mar de boel yn it doarp nettsjinsteande dat flink opskodde.

Spannum eart de jonkhear fan alearen mei in trije oeren duorjende foarstelling. It teaterstik giet tongersdei yn premjêre en is ien fan de stikmannige mienskipsinisjativen binnen it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. “Op advys fan LF2018 hâlde we de foarstelling al dit jier”, seit Alie de Haan, foarsitter fan de stichting Mei-inoar Spannum. “De aginda foar 2018 sit nammentlik al grôtfol.” Bykommend foardiel, sa seit haadrolspiler Reinder Bakker, is dat “we takom jier neat hoege te missen fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.”

De Fryske saak

Spannum is in prachtich foarbyld fan in slagge mienskipsinisjatyf. Koart nei it takennen fan de titel oan Ljouwert en Fryslân nommen guon ynwenners it foartou. In wurkgroep mei ûnder oaren Ytsje Hijma en Alie de Haan besleat om in foarstelling te betinken oer Sybrant Roorda, de eardere doarpsgenoat oer wa’t lang net folle bekend wie. Dat feroare yn 2014 doe’t by de restauraasje fan de tsjerke syn grêfstien bleatlein waard. Alie de Haan ferdjippe har yn de man (1465-1550) dy’t op oankringen fan it Fryske bestjoer de Rijksdag yn it Dútske Worms besiket om dêr foar de Fryske saak te fjochtsjen. Alie: “Hy wie de man fan it wurd, Grutte Pier de man fan it swurd.”

Yn ‘It Kistke fan Sybrant’, sa’t de foarstelling hjit, wurde wierbarde sênes út it libben fan Roorda neispile. Fan it budzjet fan Mei-inoar waarden in tekstskriuwer (Hans Brans) en twa regisseurs (Gerben Postema en Anne Zijlstra) betelle. Mei tal fan byienkomsten waarden bedriuwen út de regio oantrúne om donaasjes te dwaan. Jild fan LF2018 hoechde Mei-inoar net. “We woenen it sels dwaan. We hawwe wol de Greidesessies fan LF2018 bywenne. Dêr krigen we tips oer hoe’t we bygelyks fûnsen berikke koenen.”

Doar-oant-doar

De 270 ynwenners fan Spannum waarden allegeare oansprutsen. “We hawwe by elkenien oanbelle. We fregen net óft mar oan hokker ûnderdiel se meidwaan woenen.” Want elkenien kin wat, wie de oertsjûging fan Mei-inoar. Der waard in naaiploech (alle wiken by elkoar) foarme, der kaam in bouploech, in kateringploech, rekwisiteploech, ferkearsploech, filmploech, EHBO-ploech, in bestjoer en in blazersensemble. De pleatslike toanielferiening – sa’n tsien man sterk – waard oanfolle mei mear as fiifensechtich doarpsgenoaten en oefenet wakker fanatyk. Jong en âld docht mei. Fan de oannimer op ‘e hoeke oant de learlingen fan de basisskoalle. Reinder: “In protte minsken stekke boppe harren sels út. En dat is geweldich om mei te meitsjen.”

It hat Spannum goed dien; de mienskiplike ynspanning late ta ferhelle freonskippen nei’t de - Alie de Haan wol der net wiidweidich oer prate – ûnderlinge ferhâldingen de ôfrûne jierren wat fertroebele rekken troch ynfloeden fan bûten. De iver en ynset hawwe it doarp goed dien. Safolle is wis. Spannum levere in teamprestaasje pur sang. It doarp is fleuriger as oait. En dat allegearre tanksij in man dy’t fiif iuwen lyn it libbensljocht seach…

Yn de aginda

De premjêre is op tongersdei 15 juny, wêrnei’t de foarstelling ek noch op 16 (útferkocht), 17 (twa kear, de jûn is útferkocht), 18 en 20 juny te sjen is. Der is noch in beheind oantal kaarten te krijen. Sjoch dêrfoar op de webside: roordaspannum.nl.

Nederlânske tekst Radboud Droog.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens