Ga naar inhoud
MAP
fy

Strân fan Skiermûntseach stiet iepen foar fragen LF2018

Skiermûntseach hat as earste Waadeilân in eigen LF2018-ynfopunt. En wat foar ien! Eilanners en toeristen mei fragen oer Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 kinne hjirfoar nammentlik terjochte op it strân. It ynfopunt wurdt bemanne troch regio-ambassadrise Garda Meerdink en har kollega’s. Fan’t winter wykt de ynformaasjefoarsjenning út nei Langestreek 100.

It LF2018-ynfopunt is ôfrûne wike iepene troch wethâlder fan kultuer Ger Heeringa. In regionaal LF2018-ynfopunt is bedoeld om besikers en ynwenners yn kontakt te bringen mei in regio-ambassadeur. Dy ynformearret oer de projekten en ûntwikkelingen binnen Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa.

Op dizze wize wurdt ynformaasje metien ut de regio helle en net allinne mar fia De Blokhúspoarte yn Ljouwert. It moetings- en ynformaasjepunt is in inisjatyf fan Garda Meerdink. “Al jierren wie ik entûsjast en dêrtroch tige belutsen by LF2018. Mei 34 oare entûsjaste frijwillligers binne we yn jannewaris 2017 frege om regio-ambassadeur te wurden foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It ferhaal moast ek de stêd út en de doarpen yn.” Provinsjaal binne der grutte projekten, mar ek in protte doarpen hawwe aktiviteiten. Op Skiermûntseach rinne ferskate projekten of steane projekten yn ‘e startblokken.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens