Ga naar inhoud
MAP
fy

Strontwike 2017

Ofrûne wike fûn yn Warkum en lâns de rûtes fan ferskate eveneminten de Strontweek plak. In wike mei fjouwer ferskillende maritime aktiviteiten. It doel: de feardichheden behâlde dy’t nedich binne foar de silende beropsfeart. 

De Strontweek stiet bekend om fjouwer ûnderdielen: de Strontrace, de Beurtveer, de Visserijdagen en it Liereliet. Yn de Strontrace race skûtsjes en tjalken tsjin elkoar fan Warkum nei Warmond, wêr’t se sekken dong ynwikselje moatte foar blombollen en augurken, om dêrnei werom te racen nei Warkum. 

By de Visserijdagen draait alles om fisk. 29 skippen gienen de útdaging oan om op âlderwetske wize, dus sûnder motor, safolle mooglik fisk te fangen. By de Beurtveer moatte de skippen passazjiers ôfsette yn ferskate plakken om de Iselmar hinne. Ek hjir wurdt op ambachtlike wize syld. Tidens de start fan de races steane ferskate koaren fan Liereliet oan de wâl om de bemanning oan te moedigjen. 

De winners
As earste kaam de meast unike dielnimmer fan dit jier binnen: de Strontfyts. In âld bemanningslid fan de Verwisseling, it winnende skip fan de Strontrace, wie de weddenskip oangien om fan Warkum ôf nei Warmond te fytsen. Mei 200 kilo bepakking lei er de tocht fan 400 kilometer ôf. Tiisdei 24 oktober om 21.30 oere fytste hy de haven fan Warkum alwer yn. Dêrnei kaam de Overwinning woansdeitenacht binnen as winner fan de Beurtveer. In pear oeren letter, om 05.13 oere, kaam de Verwisseling as winner fan de Strontrace de haven ynfarren. By de Visserijdagen wienen der twa winners: de HL53 fan de nettennisers en de LE44 fan de kuilskippen. 

2018
De organisaasje is yntusken drok dwaande mei de Strontweek fan 2018. It is dan dûbeld feest, om’t it Ljouwert-Fryslân 2018 is en de 45e edysje fan de Strontrace dan hâlden wurdt. De blombollen dy’t dit jier mei de Strontrace ophelle binne, sille yn it ramt fan LF2018 in bysûndere bestimming krije. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens