Ga naar inhoud
MAP
fy

Stukje Design hopet op werhelling Alma Tadema-sukses

Op 14 oktober 2017, eksakt in iuw nei de eksekúsje fan dûnseres Mata Hari út Ljouwert, iepenet it Fries Museum yn Mata Hari’s berteplak in tentoanstelling oer dizze mysterieuze frou. “Wy sjogge yn elts gefal al bot út nei de eksposysje oer Mata Hari”, fertelt webdirector Bas Kregeler fan Stukje Design út Lekkum entûsjast. Okkerdeis lansearre hy yn opdracht fan it Fries Museum harren nije webside. De ûndernimmer is lid fan Club2018, it saaklike netwurk fan Ljouwert-Fryslân 2018.

“Ast sjochst hoe suksesfol de tentoanstelling oer Alma Tadema ferline jier wie, dan ferwachtsje ik dat de eksposysjes oer Mata Hari en M.C. Escher ek wer tsientûzenen besikers nei Ljouwert lûke sillle. Wy soargje der wer foar dat de webside foar al dy besikers optimaal funksjonearret.”

De stêd is opknapt

Bas Kregeler is hikke en tein yn Ljouwert. “Ik bin yn myn studintetiid yn it sintrum fan de stêd kaam te wenjen en ken dus alle geheime steechjes en slûprûtes troch de stêd. Ideaal ast de drokte yn it ferkear efkes omsile wolst”, laket er. “Ljouwert is de ôfrûne jierren geweldich opknapt en ik hoopje dat de Friezen, mar ek de toeristen út binnen- en bûtenlân dy skientme fan ús haadstêd yn 2018 ek sjen sille. It fernijde Wilhelminaplein, wêr’t it Fries Museum oan grinzget , fyn ik wier in grutte ferbettering. It jout de stêd mear alluere en it is in leuk plak om yn ‘e simmer in bierke te drinken of oer de freedsmerk te slinterjen.”

Kreleger is wis fan plan om nei de tentoanstelling oer Mata Hari te gean. “It is bysûnder dat it ferhaal fan dizze mysterieuze frou oer de hiele wrâld bekend is en in iuw nei har dea noch altyd sa ta de ferbylding sprekt.” Minsken kinne tidens Ljouwert-Fryslân 2018 oer deselde strjitten rinne, lykas Mata Hari yn de 19e iuw dien moatten ha. “Ik haw jierrenlang yn de Grutte Tsjerkestrjitte wenne, krekt as Mata Hari”, fertelt Kregeler.

“It is hiel leuk dat museumbesikers, nei’t se de tentoanstelling oer Mata Hari besocht hawwe, ek noch in kuier troch de stêd meitsje kinne om efkes yn har fuotspoaren te rinnen.” Kregeler wenne ek oardel jier yn in monumintaal pand op it Naauw. “Ast dêr yn de wenkeamer yn de finsterbanken sietest en nei bûten seachst, dan seachst út op de Kleders en it pand wêr’t Mata Hari berne waard.”

Belibbingssintrum yn 2018

It pand njonken it bertehûs fan Mata Hari gie yn oktober 2013 mei de grutte brân op de Kelders yn flammen op. Kelders 33, wêr’t Mata Hari opgroeide, rûn slimme wetterskea op, mar koe lokkigernôch behâlden bliuwe (al skreaunen in soad nijsmedia ûnterjochte dat it pand ek ferlern gean wie). Yn 2018 fungearret it pand as belibbingssintrum wêr’t besikers oan it ein fan harren Mata Hari-stedskuier de originele sfear fan it pand ûnderfine kinne. Minsken kinne ûnder it genot fan in kopke kofje of tee yn Mata Hari’s bertehûs in oan har relatearre sûvenir útsykje.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens