Ga naar inhoud
MAP
fy

Taal is alles en alles is taal

Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Papiamintsk, Surinaamsk, Turksk of miskien wol Arabysk? Hokker talen soenen de learlingen út dizze skoalklasse thús allegear prate?

Wybren Jorritsma en Siart Smit fan it Ljouwert-Fryslân 2018-projekt Lân fan Taal sjogge nijsgjirrich nei de fleurige optocht fan bern troch de binnenstêd fan Ljouwert. ,,Fryslân is sa ryk oan talen, dy rykdom wolle wy yn 2018 grut fiere."

It gebiet yn en rûn de Prinsetún wurdt ûnder Ljouwert-Fryslân 2018 omtovere ta in letterlik lân fan taal. Siart wiist nei de brede strook grien rjocht tsjinoer de Aldehou. ,,Hjir bouwe we in nij besikerssintrum. Jong en âld kin hjir taal en meartaligens yn al syn fasetten belibje.” 
Mei fideomapping op de Aldehou krije gedichten bygelyks in fisueel poadium. Ek partners lykas Tresoar, Afûk, HCL en de Fryske Akademy organisearje ûnderskate talige aktiviteiten. De mannen binne it hielendal iens. ,,We ha yn Fryslân in troefkaart yn hannen mei it Frysk en de meartalige situaasje, dan moatte we dy ek ynsette."

"Taal jout betsjutting"

Underelkoar prate se Frysk. ,,Ik kom út in Frystalige famylje, myn frou is ek Frysk”, fertelt Wybren. Se stekke fia it sebrapaad oer nei de Prinsetún. Sels wennet er no yn Grins. ,,Thús prate we Frysk, ek mei ús bern. Dat fielt fertroud.” Siart knikt befêstigjend. Oan syn tongfal is te hearren dat er de taal op lettere leeftiid leard hat. ,,Ik bin opgroeid yn Oerisel en haw Frysk leard, doe’t ik saaklik lieder fan Tryater waard.” Wêrom Frysk leare as de Friezen ek wol Nederlânsk kinne?

Siarts hannen beweegje drok troch de loft. Se sprekke boekdielen: taal rekket him. Sels is er it sprekkend foarbyld fan meartaligens. Siart strielt wannear’t er fertelt oer taal en de leafde foar syn Sweedske frou. ,,Foar har haw ik it Sweedsk leard.” Mei harren bern prate se Nederlânsk en Sweedsk. ,,Ik begryp de Sweden folle better sûnt ik harren taal praat.” Earder fielde er him toerist, no’t er de taal ferstiet en praat, begrypt er de Sweedske kultuer folle better. ,,Taal jout betsjutting”, leit er Wybren út. ,,En je litte sjen dat je it de muoite wurdich fine om de oar syn taal en kultuer better te begripen."

Talepaviljoen

Yn it midden fan de Prinsetún komt yn 2018 in Talepaviljoen: in gebou yn de foarm fan in rok. In plak wêr’t memmetalen fierd wurde. En in plak wêr’t je wat ite en drinke kinne, optsjinne troch dôve minsken. ,,Want ek dat is taal,” glimket Siart.

Mear witte oer dit projekt? Sjoch fierder op www.lanfantaal.frl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens