Ga naar inhoud
MAP
fy

Talkshow IepenUp Live oer medisinale marihuana

IepenUp Live giet hartstikke live. Woansdeitejûn fynt de talkshow foar de earste kear plak. Yn it kafee fan Neushoorn, yn Ljouwert, stiet ‘medisinale marihuana’ sintraal. Oftewol: de opkomst, regeljouwing en sin en ûnsin om medisinale canabis hinne. IepenUp Live is in gearwurking fan Ljouwert-Fryslân 2018, Omrop Fryslân, Neushoorn Café en Tresoar. De talkshow behannelet maatskiplike, sosjale en kulturele tema’s en wol in nije generaasje ynteressearje foar en belûke by kennis en debat yn ‘e stêd.

Yn de earste ôflevering komme brûkers fan medisinale marihuana oan it wurd. Publyk mei by IepenUp Live fergees nei binnen en Omrop Fryslân stjoert de talkshow online út. Te gast binne boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone, de foarman fan de Fryske apoteken Jouke de Jong, Derrick Bergman fan de Vereniging Opheffing Cannabisverbod en Rinus Beintema, oprjochter fan de Social Club dy’t alle dagen medyske marihuana troch it lân ferspriedt. 

IepenUp live wurdt makke troch in jonge, multykulturele redaksje en wol njonken romte foar gesprek, moeting en kontroverze ek in poadium biede oan jonge programmamakkers en sjoernalisten. De talkshow is ûnderdiel fan IepenUp, in programma fan LF2018.

IepenUp giet oer wat der no spilet, oer frijheid en fragen en mearkleurigens, en giet op syk nei nije moetingen en oare erfaringen en reitsflakken. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens