Ga naar inhoud
MAP
fy

Tandem Fryslân daget dy út om mei te dwaan

De organisaasjes Tandem en Leeuwarden-Fryslân 2018 ha de hannen yn elkoar slein. Mei elkoar binne se Tandem Fryslân begûn, in útwikselingsprogramma wêrby’t ideeën en ûnderfiningen út de Fryske mienskip en Europa wei by elkoar brocht wurde.

Dus: wurkesto yn de kulturele sektor en hâldst dy dwaande mei útdagingen oangeande dyn mienskip en regio? Wolsto ynternasjonale gearwurkingen oangean? Wolsto trochgroeie mei minsken dy’t ek sa tinke en dy’t yn har eigen regio’s foar soartgelikense útdagingen steane? Meld dy dan no oan foar Tandem Fryslân.

Oanmelde kin oant sneon 30 septimber 2017 middernacht. De keazen kandidaten wurde healwei oktober 2017 ynformearre.

Wat is Tandem?
Tandem is in kultureel útwikselingsprogramma ta fersterking fan mienskippen en maatskippij yn Europa. Tandem leaut dat de brânende kulturele en sosjale fraachstikken fan ús tiid effektiver en kreativer oanpakt wurde kinne. Dat dogge we troch ynspirearjende learûnderfiningen yn de foarm fan nije gearwurkingsferbannen út in oar plak en realiteit wei. It is ús doel dat sterke netwurken fan kreative mienskippen en kulturele changemakers ûntsteane út ús programma wei en de impact dy’t dizze inisjativen op har regio meitsje te stypjen.

Hoe wurket it?
Nei de oanmeldperioade wurde maksimaal 24 kandidaten (12 út Fryslân wei en 12 út oare regio’s yn Europa) útnûge om it Tandem Fryslân Partner Forum by te wenjen dêr’t se gelegenheid krije om te netwurkjen en – noch belangriker – har potinsjele Tandempartner te finen. 

Sadree’t it kontakt lein is, skriuwt elke tandem in mienskiplike oanfraach foar it folsleine programma, besteande út in gearwurkingsplan en projektidee. Uteinlik wurde 7 tandems selektearre.

Elke dielnimmer sil diel útmeitsje fan de Tandem-family, profitearret fan in meiwurkmooglikheid yn de regio dêr’t de Tandempartner fêstige is, krijt finansjele stipe en begelieding foar it ûntwikkeljen fan in prototype-idee en om fan wjerskanten in suksesfolle gearwurking op te bouwen. 

Is Tandem Fryslân wat foar my?
Wurkesto oan ideeën en projekten wêrby’tst de útdagingen binnen in mienskip yn dyn regio op kulturele of kreative manier oangiest?

Dan daagje we dy út om dy oan te melden.

It is net needsaaklik om by in fêstige keunstorganisaasje te wurkjen. Kinst ek aktyf wêze binnen in kollektyf, NGO, publyk ynstitút, startup, feriening of inisjatyf. Salang’tst mar ûnderdiel bist fan in team en in sterke ferbining mei dyn mienskip hast. Bist ynteressearre yn it ûntwerpen fan nije formats oangeande kultureel sosjaal wurk foar en mei in regionale mienskip en foarmjaan fan har hjoeddeistige en takomstige realiteit. Bist motivearre om op ûntdekkingstocht te gean en fia ûnkonvinsjonele paden ta in gearwurking te kommen mei in partner út it bûtenlân (dy’tst noch net kenst). Bytst dy fêst yn it identifisearjen en neijeien fan nije ideeën foar kultureel wurk oangeande brânende sosjale kwestjes, likegoed yn dyn regionale mienskip as op oare plakken yn Europa.

Wa kin meidwaan: 
Maatskiplike organisaasjes, publike ynstituten, non-profit inisjativen en sosjale ûndernimmingen dy’t har dwaande hâlde mei kulturele fraachstikken en ynnovaasje yn har regio, en fêstige binne yn ien fan de 28 EU lidsteaten of Albanië, Andorra, Bosnië en Herzegovina, Egypte, Yslân, Israël, Jordanië, Kosovo, Libanon, Lychtenstein, Masedoanië, Marokko, Moldavië, Monako, Montenegro, Noarwegen, Oekraïne, Palestina, San-Marino, Servië, Tunezië, Turkije of Switserlân.

Belangryk foar ynteressearren fêstige yn Nederlân:
Kinst allinne dielnimme oan Tandem Fryslân ast yn Fryslân of mei in Fryske mienskip wurkest. Ynteressearren út oare regio’s kinne net dielnimme, of se wurkje of binne fan doel om te wurkjen oan in kultureel/sosjaal projekt oangeande in Fryske mienskip yn Fryslân yn 2018.

Entûsjast en ynteressearre om diel te nimmen, lês dan fierder foar de rest fan de oprop.

http://www.tandemforculture.org/stories/tandem-fryslan-call-for-applications/​ 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens