Ga naar inhoud
MAP
fy

Teaterfestival yn Kultureel Haaddoarp De Hoeve

De Hoeve, in doarp 'Oer de Tsjonger' yn de gemeente Weststellingwerf, is yn 2018 Kultureel Haaddoarp. Dizze status hat De Hoeve yn febrewaris 2015 krigen. Tal fan aktiviteiten wurde hjir organisearre. Bygelyks op 1 july. Dan wurdt it doarp omtovere ta ien grut teater, mei it tema ‘Op syk nei…’.

Ljouwert waard útroppen ta Kulturele Haadstêd 2018, en De Hoeve wist dat se dêr wat mei moasten en dwaan koenen. Foaral it tema iepen mienskip, de reade tried foar Kulturele Haadstêd, wie foar harren oansprekkend.

“Toen we’j et bidbook van Culturele Hoofdstad 2018 zagen, veul ons op dat d’r een protte aandacht is veur het thema mienskip”,sa stiet der yn it bidbook fan De Hoeve, dat folslein yn harren eigen Stellingwerfster taal skreaun is. “En mienskip, now meensken, dat is daenk ik haost uutvunnen in De Hoeve. Oonze deputeerde die moet as kiend haost wel speuld hebben in De Hoeve, want de meniere waarop zi’j dat mienskipsgefuul uutdreegt…. fantastisch.”

It doarp is it foarbyld fan in hechte mienskip, wêr’t in soad kin en in soad bart. Gearwurkje, kânsen pakke, nije ideeën opdwaan, op ‘e takomst rjochte. “As wi’j de kaans kriegen, now dan wullen we de wereld kennis laoten maeken mit een hiel mooi stokkien Frieslaand, in het suudoosten van de pervinsie.”

Dat dogge se troch ferskate eveneminten yn it doarp te organisearjen. Sa is der ‘Bouwen op de Hoeve’ wêr’t se omtinken freegje foar it behâld fan leefberens op it plattelân, en de klam lizze op de needsaak fan wenningbou yn lytse kearnen. Mar ek in Korenfestival, en gearwurkingen mei Tryater en Opera Spanga.

Op sneon 1 july feroaret De Hoeve yn ien grut teater. Professionals as Janneke de Haan en Willy van Assen steane garant foar ferrassende teateracts op ferskillende lokaasjes yn it doarp. Bauke Modderman en Jan Oosterhof jouwe, op folslein eigen wize, ynfolling oan de strjitlokaasjeacts. Fraachtekens oeral yn it doarp, mei it tema ‘Op syk nei…’. Dit alles wurdt oanfolle mei livemuzyk fespraat troch it doarp.

Foar 5 euro (bern oant ‘e mei 12 jier fergees) kinst genietsje fan prachtige optredens en sjen hoe’t Kultureel Haaddoarp De Hoeve ynfolling jout oan it Iepen Mienskipsgefoel en de ferbining mei Ljouwert-Fryslân 2018.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens