Ga naar inhoud
MAP
fy

Teatertrijelûk HOLSTMEER – It ûsichtbere sichtber meitsje

Yn 2018 iepenje trije lokaasjes oan de Holstmarwei yn Ljouwert foar ien kear de doarren. Meitsje kennis mei it unike, konfrontearjende en meislepende teatertrijelûk HOLSTMEER fan regisseur Silvia Andringa, útfierd troch teaterselskip De Jonge Republyk: “Foar de measte minsken binne de gebouwen oan de Holstmarwei yn Ljouwert ûnbekend terrein. Mei dit erfaringsteater wolle we it ûnsichtbere sichtber meitsje.”

Elk yn harren eigen omjouwing nimme de anonime tydlike bewenners fan de finzenis (PY Ljouwert, yn de folksmûle De Marwei) en Fier (it lanlike ekspertise- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes) it publyk letterlik en figuerlik mei nei harren binnenwrâld. 

Twa akteurs fiere tegearre mei it personiel fan Fier en PY Ljouwert it publyk mei troch dizze bysûndere lokaasjes. De detinearren fan PY en de fammen fan Fier nimme dêrop, elk op harren eigen lokaasje, de besikers mei nei harren hert, harren hoop en harren ferhalen. Nei it libbe ferline en de dreamde takomst. Om foar it tredde part fan it trijelûk te einigjen op it plysjeburo. In gebou dat as rjochtshânhâlder en beskermer hast symboalyks tusken de twa ynstellingen ynstiet en wêr’t de ferhalen fan de bewenners byinoar komme. 

Unike gearwurking
Foar PY Ljouwert, Fier en Politie Fryslân is dit in unike wize fan gearwurkjen. Direkteur Anna Nijstad fan de PY: “Us op dizze wize te ferbinen mei ús buorlju fine wy hiel bysûnder. Dizze gearwurking soarget derfoar dat we ús oan de maatskippij ferbinen bliuwe. Wylst ús bewenners, de finzenen, foar in bepaalde tiid fan de maatskippij ôfsnien binne.”

Ljouwert - Fryslân 2018 
HOLSTMEER is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert – Fryslân 2018. Direkteur Tjeerd van Bekkum: “De tematyk heart by útstek yn it hert fan de projekten fan Kulturele Haadstêd. Dit is in teaterbelibbenis dy’t letterlik de doarren iepenet. En mei’t Iepen Mienskip it haaddoel fan Ljouwert-Fryslân 2018 is, bin ik grutsk dat we HOLSTMEER yn ús haadprogramma opnimme kinnen hawwe.”

De repetysjes mei de detinearren en de fammen fan Fier begjinne ein oktober. De premjêre fynt op 10 febrewaris 2018 plak. De kaartferkeap set op 3 oktober 2017 útein fia 2018.nl. 

Sjoch foar mear ynformaasje op www.dejongerepubliek.com.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens