Tee om de mienskip te ferbinen

LJOUWERT - Wat mei in hast troch need twongen grientetún yn 2013 begûn, is wilens útgroeid ta it inisjatyf PositiviTea 2018. Tee om de mienskip tidens it Kulturele Haadstêdjier te ferbinen, besteande út safolle mooglik lokale krûden.

It is 27 graden, de sinne is fûl. We rinne op de smelle paadsjes tusken it fruit, de grienten en krûden fan de stedstún oan de Fjouwerhústerwei troch. Fûgels fluitsje by ’t soad en tusken alle felkleurde reade en pearse blommen is it gûnzjen fan de bijen dúdlik te hearren. It skelle lûd fan de F16’s fan Fleanbasis Ljouwert is it iennige wat ús der sa út en troch oan herinneret dat we yn feite hielendal net fier fan ús haadstêd binne. We bedarje yn ien fan de skadige hoekjes fan de tún, dy’t der net folle binne, ûnder de druveplanten en oare gewaaksen.

“Ik wurke yn de grafyske yndustry. Yn 2013 bin ik tidens in kollektyf ûntslach by myn wurkjouwer fan doedestiids ûntslein,” sa fertelt inisjatyfnimmer en ûndernimmer Sander Veenstra. “Yn dyselde tiid bin ik ferhúze nei in hûs mei in grutte tún. Mei’t ik net folle jild hie, bin ik neitinken gien hoe’t ik dêr safolle mooglik úthelje koe.”

Krûden hawwe it bêste ferrin

“Ik bin my doe ferdjipjen gien yn de stedslânbou. Ik haw op ferskillene túnen wurke en bin noch by it Nordwin College telâne kaam om produkten foar de kantine te rispjen. Wat my doe opfoel wie dat ik yn ‘e simmer in grut oerskot oan slaat en oare grienten hie, want elkenien wie op fakânsje. Doe kaam ik der efter dat krûden in folle better ferrin hawwe en bin ik my dêrop rjochtsjen gien. Wannear’st in blomkoal kweekst, hast nei in pear moanne wat om te iten en is de plant nei ien risping fuort. As ik munt ôfsnij, groeit it gewoan fierder. Ik kin sels de woartelstok fan in krûd yn wetter sette en der ûntstiet wer in nij plantsje. Dêrom bin ik in teetún ûntwikkeljen gien, krûden hawwe nammentlik in folle better ferrin.”

“As ûndernimmer geane je dan sjen wat wurket en wat net. Ik bin doe begûn mei in mobile teetún. It op lokaaasje meitsjen fan farske tee. Spitigernôch bliek dat net skaalber en dêrom net rendabel. No fersoargje ik yn gearwurking mei TikaFood út Ljouwert high tea op lokaasje.”

Gearwurking

Fanút de ferskillende túnen wêr’t Sander wurke, kaam hy yn ‘e kunde mei Margreet de Vries. “Sander kaam by de stedstúndiners dy’t ik doedestiids mei organisearre fanút in projekt foar wurksikers. Hy skonk dêr tee,” fertelt Margreet. “We wurkje no mei meardere túnen gear, yn ûnder oare Grou, Ljouwert en Bûtenpost.”

“Op guon túnen ferbouwe wy sels planten en guon biede it sels oan. Sa wie der in ierappelboer, dy’t meidocht oan it Potatoes go Wild projekt dy’t allegear kamelle tusken syn ierappels hie. Wy moeten him by in 2018 Kafee wêr’t er ús fertelde neat mei de kamelle te kinnen en it meande. It is fansels skande as er dat fuortsmyt, dat no brûke wy dat foar ús tee. Sa komst moai mei elkoar yn kontakt.”

“No binne we dwaande mei it ferbouwen en drûgjen fan de krûden. Op it stuit hinget myn souder fol mei krûden. Dy kinne we aanst yn potten dwaan en dan kinne we om ende by novimber wer mingsels meitsje foar 2018,” seit Margreet. De tee moat lykwols ferkocht wurde. “Op dit stuit hawwe we ien ferkeappunt, dat is Priuw yn de Nije Easterstrjitte,” fertelt Sander. “We binne noch op syk nei mear ferkeappunten om it echt ta in sukses te meitsjen.”

Ynspylje op de aktualiteiten

“We spylje safolle mooglik yn op de aktualiteiten. Sa hawwe we ynkoarten in Mata Hari tee yn it ramt fan de eksposysje yn it Fries Museum yn opdracht fan Priuw, dy’t we dan ek yn in ludike ferpakking oanbiede wolle. Dêrneist biede we no al de Fjoer! en Grutsk! oan. Beide echte Fryske teesoarten. En we binne mei ferskate festivals, lykas it Wilde Wiven Festival yn petear om ek dêr spesifike teesoarten foar te meitsjen.”

“Njonken ferkeappunten sykje we ek altyd noch minsken dy’t ús helpe wolle mei túnkjen of dy’t harren tún beskikber stelle. We binne ek al yn petear mei Marten Sale Brouwer, in bekende origamykeunstner út Ljouwert. Hy wennet mominteel yn Japan en tinkt mei oer de ferpakking. Dan hawwe we yn 2018 in moai, kompleet produkt.”

Mear ynformaasje: www.grienskip.nl

Margreet, Sander en Miranda plôkje tee yn de stedstún oan de Fjouwerhústerwei (Foto: Wietze Landman)

Programmanijs | Tee om de mienskip te ferbinen

 

Programmanijs | Tee om de mienskip te ferbinen

 

Programmanijs | Tee om de mienskip te ferbinen

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators