Ga naar inhoud
MAP
fy

,,The Tall Ships Races binne tige goed foar de ekonomy”

JR Shipping út Harns is nau belutsen by The Tall Ships Races Harlingen 2018. Tidens it Kulturele Haadstêdjier is it by de rederij dûbeld feest. Dan bestiet it bedriuw nammentlik 25 jier.

“Dêr sille we wol it ien en oar mei dwaan,” begjint Jan Reier Arends, direkteur fan JR Shipping. “Troch ús kontakten en it fersoargjen fan it ûnderhâld fan de klipper ‘Stad Amsterdam’ is it goed mooglik dat we takom jier oan board fan dit skip wat organisearje foar relaasjes.”

Wa’t de rederij kent, sil witte dat it bedriuw him benammen rjochtet op kwaliteitsskippen yn de offshore en kontenerskipfeart. Op it earste gesicht hiel wat oars as in Tall Ship. “Fan binnen hat sa’n skip ek gewoan in Caterpillar motor, airco, ensafuorthinne,” ferklearret Jan Reier. “De tugaazje ûnderhâlde se wol sels, om’t dat yndie hiel oars is as by de rest fan ús float.”

The Tall Ships Races
Jan Reier is nau belutsen by de organisaasje fan The Tall Ships Races 2018 yn Harns. “Ik haw oan de widze stien fan de organisaasje doe’t Harns yn 2014 de starthaven wie. Foar 2018 bin ik de foarsitter fan de Stichting Harlingen Sail en organisearje we mei it team it evenemint The Tall Ships Races Harlingen, dat plakfynt fan 3 oant ‘e mei 6 augutus 2018. Dêrby wurde we ek holpen troch partners en in protte frijwilligers. We hawwe no al in oantal ynskriuwingen fan skippen foar takom jier. Fanôf novimber sil it grutste part har krekt ynskriuwe om’t harren faarskema dan bekend is.”

Nettsjinsteande dat der safolle prachtige skippen te sjen binne, is it foar Jan Reier net lestich in favoryt oan te wizen. “Foar my is de ‘Stad Amsterdam’ fansels it moaiste skip. Dêrneist hat it in hiel moai suske, de ‘Shabab Oman 2’. De bemanning fan dit skip rint yn prachtige kostuums út it Midden-Easten. Dat is wol unyk tusken alle oare skippen. Dy hoopje we der yn 2018 ek by te hawwen.”

“The Tall Ship Races passe perfekt yn it byld fan Kulturele Haadstêd. It is in duorsum evenemint, it is grut en draait foar it grutste part om de jeugd. De maatskiplike belutsenheid is hiel grut troch it systeem fan minsken yn oplieding oan board fan de skippen. We hoopje dit jier 350 jongeren oan te lûken yn de âldens fan 15 oant 25 jier, benammen út Fryslân mar ek jeugd út de oare noardlike provinsjes is fansels fan herten wolkom.”

Goed foar de ekonomy
“Harns ûntwikkelet him hieltyd mear as ‘Tall Ship friendly port’. Tall Ships meie hjir bygelyks oanlizze sûnder havenjild te beteljen. In eask oan sa’n skip is dan wol dat de bemanning foar minstens de helte út jongeren bestiet. In oar grut foardiel fan Harns is de koarte ferbining mei Amsterdam. It komt gauris foar dat minsken dy’t nei Amsterdam moatte hjir oanlizze. Dat is tige goed foar de ekonomy yn dizze haven. Sa sjogge je hieltyd faker dat der Tall Ships foar ûnderhâld by ien fan de werven brocht wurde.”

“Op dit stuit binne der twa races geande, wêrfan ien yn de Baltyske Steaten. De finish is yn Poalen. In protte skippen geane dêrnei nei Le Havre yn Frankryk. We hoopje dat se dan in tuskenstop yn Harns meitsje. Dan kinne se alfêst sjen wêr’t se takom jier finishje sille.”

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens