Ga naar inhoud
MAP
fy

Tjeerd van Bekkum nije direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018

Tjeerd van Bekkum, boargemaster fan de gemeente Smellingerlân, wurdt mei yngong fan 15 july de nije direkteur (CEO) fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dit hawwe de Ried fan Tafersjoch, de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert mienskiplik besletten, nei’t de hjoeddeiske direkteur Lieven Bertels ferline wike oan de Ried fan Tafersjoch bekend makke in nije baan oannommen te hawwen yn de Feriene Steaten.

Wiebe Wieling, foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch: “De Ried fan tafersjoch lokwinsket Lieven Bertels fan herte mei syn nije funksje. Wy respektearje syn persoanlike kar. Lieven Bertels wie in direkteur mei ynternasjonale ûnderfining. Hy hat yn de ôfrûne jierren hurd wurke om de projekten fan de stichting LF2018 foarm en ynhâld te jaan. De Ried fan Tafersjoch is bliid dat der no in soepele oergong yn it management realisearre is. Wy winskje Lieven Bertels in protte sukses yn syn nije funksje.”

De Ried fan Tafersjoch, de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert hawwe nei de meidieling meiinoar besletten metien op syk te gean nei in nije kandidaat-direkteur. Wieling: “It is fan belang dat we yn dizze faze net stil komme te stean. Wy hawwe dêrom goed trochtocht Tjeerd van Bekkum hifke fanwegen syn romme ûnderfining as Frysk bestjoerder en syn kennis fan en belutsenheid by LF2018. Hy ken Fryslân goed en beskikt oer in goed netwurk binne en bûten Fryslân. Van Bekkum is by steat fierder te bouwen oan it fûnemint en de útstrieling fan LF2018. Hy hat mei entûsjasme dizze funksje as direkteur oannommen. De fuortgong fan de tarieding fan LF2018 is by him yn goede hannen.”

Deputearre Sietske Poepjes: “De kommende moannen is in krúsjale perioade yn de tarieding fan it kulturele jier 2018. It is dêrom in goed beslút dat de Ried fan Tafersjoch yn oerlis mei ús metien in nije kandidaat-direkteur fûn hat.” Wethâlder fan Ljouwert Sjoerd Feitsma: “Wy hawwe it folle fertrouwen dat Van Bekkum de funksje fan direkteur mei entûsjasme ferfolle sil. Van Bekkum hat him yn de ôfrûne jierren tige belutsen toand by LF2018 en hat de nedige inisjativen op gong brocht. Wy sjogge út nei de gearwurking mei him.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens