Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Toeristen moatte wat ha om foar werom te kommen”

Undernimmersferiening Warten bestiet pas twa jier. Dochs is al goed 80 prosint fan de ûndernimmingen yn Warten en omkriten lid. Dizze hechte mienskip kenmerket it wettersportdoarp mei hast 950 ynwenners. Wat kinne we takom jier fan dizze gearwurkers ferwachtsje?

,,De krêft fan Kulturele Haadstêd sit him yn weromkommende eveneminten”, fynt Jacob, foarsitter fan de ûndernimmersferining. ,,Sa as de Wartenster Wetter Wille. Dat is twajierliks, dêr komme besikers foar werom. Dat is watst úteinlik berikke wolst.”

Warten stiet bekend om de aktive ferieningen, mei it hiele jier troch leuke aktiviteiten. ,,Hast it jierlikse doarpsfeest en fansels de twajierlikse Wartenster Wetter Wille”, ljochtet Jacob ta. ,,De hiele simmer brûst it hjir fan de wettersport. Warten is nammentlik de foardoar fan Nasjonaal Park de Alde Feanen.”

,,Neist it grutte tal boatsjes fernimst dat it fytsferkear tanimt,” follet Derk oan. ,,De boatsjeminsken fan earder komme no op de fyts del. Dat komt benammen troch de ûntwikkelingen fan de elektryske fyts.” Derk wiist nei it terras. ,,Sjochst se sa sitten. Dat âldere pear hat krekt de fyts parkearre en sit no op it terras. Dat kaam tsien jier lyn sûnder mis mei de boat. Op in folle akku kinst tsjintwurdich út Ljouwert wei in rûntsje lâns Warten en Earnewâld meitsje. Dêr profitearje wy fan.”

In bekende leginde út de regio giet oer Sytse en Maaike. Dat wie in klûzenerspear dat yn 1903 it eigen hûs makke en neat mei de bûtenwrâld te krijen ha woe. Underwilens leit it pear yn Warten begroeven, mei op de grêfstien: ‘It sil in soad minsken goed dwaan om se te betinken’. In ferwizing nei har libbensstyl. ,,As ûndernimmersferiening binne we no drok dwaande it ferhaal fan Sytse en Maaike út te wurkjen en yn 2018 foarm te jaan, bygelyks yn de Wartenster Wetter Wille. Sjochst tsjintwurdich dat minsken hieltyd faker wer selsfoarsjennend wêze wolle. Dat is no mei alle technology as sinnepanielen folle makliker as eartiids.”

,,We tinke noch nei oer oare dingen dy’t we organisearje kinne by LF2018”, giet Derk fierder. ,,We moatte allinne sjen dat we de minsken de stêd út lûke kinne. Ynternasjonale toeristen dy’t hjir komme, binne faak wol wend om langer as in oere nei har wurk te reizgjen. De ôfstannen binne hjir sa lyts datst bêst in preamfeart út it sintrum fan Ljouwert nei de Feanen organisearje kinst, mei in tuskenstop yn Warten. De fokus leit wol op de weromkommende eveneminten dêr’t neffens ús de krêft fan 2018 sit. Der barre altyd al safolle moaie dingen yn Fryslân.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens