Ga naar inhoud
MAP
fy

Tweintich projekten oan haadprogramma tafoege

LJOUWERT – It haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 is mei sa’n tweintich projekten útwreide. “It binne troch de mienskip betochte projekten dy’t in grut en faak ynternasjonaal publyk lûke”, seit de farske direkteur Tjeerd van Bekkum. “Alle plannen, dizze ynspanningen, dizze eksploazje fan kreativiteit, hjir giet it dus om.” Oant 5 oktober, wannear’t it definitive programma bekend makke wurdt, sammelet Ljouwert-Fryslân 2018 alle programmadetails.

Ien fan de nijkommers yn it haadprogramma is ‘Sjen yn it Tsjuster’, in projekt dat de yn 2013 ferstoarne Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga eart. “We dogge him mei dit evenemint rjocht”, fynt Tjeerd van Bekkum. “Mei tanksij Tsjêbbe dy’t in geweldige ambassadeur fan Kulturele Haadstêd wie, steane wy hjir mei ús allen.”

Ljouwert-Fryslân 2018 krijt in haadprogramma en in iepen mienskipsprogramma; tegearre foarmje se it totaalprogramma. Mei dus sa’n 60 projekten yn it haadprogramma dy’t de (ynter)nasjonale besikers lûke moatte en it iepen mienskipsprogramma, wêr’t sa’n 800 inisjativen har oanmeld hawwe. De aginda mei mienskipsinisjativen pûlet mei hûnderten eveneminten út. “LF2018 libbet yn de herten fan in protte Friezen”, seit Van Bekkum. “En dat fyn ik prachtich.”

De hûnderten inisjatyfnimmers hawwe Ljouwert-Fryslân 2018 omearme, seit Van Bekkum: “Fan Warkum oant Boerum en fan De Hoeve oant It Bilt. Der is sáfolle geande. Ik wurkje mei om dat sichtber te meitsjen, dêrom bin ik hjir.” It programma sil trochgroeie. “Want Ljouwert-Fryslân 2018 is ek in dynamysk proses”, seit Van Bekkum. “De hûnderten meast Fryske plannemakkers binne nammentlik tige kreatyf. De mienskip blykt in kweekplak fan talint.”

Webside friesland.nl de loft yn

Tiisdei 18 july giet de webside fan Ljouwert-Fryslân 2018 oer yn friesland.nl. wa’t de url 2018.nl yntikket, wurdt automatysk trochlinkt nei friesland.nl. Dizze webside, beheard troch LF2018 en Merk Fryslân, is fan 5 oktober ôf ek it adres foar de online kaartferkeap.

De projekten dy’t no alfêst definityf út it miesnkipsprogramma oernaam wurde binne:

Ljochtstil Earnewâld, Sjen yn it Tsjuster, Iepen Doar(p), Lûd Rijs, Slachtemaraton, Triënnale Beetstersweach, Finestra Aperta, The Tall Ships Race, Wereldburgers van de Voorstreek, Colorfield Performance, Dorp Europa, De Pauperfontein, Koloniën van Weldadigheid: Into Nature en Proeftuin NL: Places of Hope.

De (mienskips)projekten De Stormruiter, Opera Spanga, Iepen Up en The New Generation hearden al in skoft ta it haadprogramma.

Boppensteande projekten wurde yn dizze bylage koart útlein.

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens