Ga naar inhoud
MAP
fy

UITfestival en LF2018 sjogge foarút nei it Kulturele Haadstêdjier

Wêr sjochsto nei út? Noch in pear moannen en dan begjint it jier fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Op it UITfestival nimme we snein 3 septimber alle tiid om wiidweidich foarút te sjen. Ut de Vooruitkijktoren yn de Prinsetún wei wurdt it publyk bypraat oer in tal bysûndere projekten.

Der binne ‘sneak previews’ fan eveneminten, der wurdt ferteld oer de programmapresintaasje op 3 oktober en op in pear plakken yn it stedspark wurdt de komst fan De Reuzen (Royal de Luxe, yn augustus 2018 yn Ljouwert) op bysûndere wize oankundige.

LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum krûpt yn de hûd fan ferslachjouwer en freget besikers nei har geloksgefoel: wêr sjogge sy nei út, wêr dreame sy fan? Elkenien dy’t it leuk fynt, is snein fan herte wolkom. It UITfestival, de start fan it kulturele seizoen yn Ljouwert, duorret fan 12.00 oant 18.00 oere.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens