Ga naar inhoud
MAP
fy

Under de Toer as ynspiraasjeboarne foar prachtige ferhalen

Wat in ôftraap fan Under de Toer! Hûnderten belangstellenden besochten tongersdeitejûn 18 maaie de presintaasje fan de dielnimmende 32 tsjerken fan it LF2018-projekt. Yn de Grutte of Jakobinertsjerke fan Ljouwert lústere en seach it publyk boeid nei it foarpriuwke dat presintearre waard troch aktrise Tamara Schoppert. Sjoernaliste Froukje Sijtsma prate mei har.

Hûnderten tsjerken pronkje as beakens yn it Fryske lânskip. ,,Yn dizze godshuzen op terpen moeten minsken inoar eartiids. It wie in flechtplak foar stoarm en opkommend wetter, mar ek in plak dêr’t yndrukwekkende ferhalen ferteld en trochferteld waarden.” Sa fettet Tamara Schoppert it LF2018-projekt ‘Under de Toer’, dat tongersdeitejûn presintearre waard, yn it koart gear.

It wierbarde ferhaal fan in kwartettekoar út De Tynje is it earste projekt fan ‘Under de Toer’. ,,In manlike sjonger fan dat kwartettekoar wie grutwurden yn in read nêst, in echte sosjalist.” Tamara is eefkes stil en boud de spanning op. ,,Doe kaam der ien te festjerren yn De Tynje en se woenen hiel graach dat it kwartettekoar sjonge soe by de begraffenis.”

Sjonge yn in tsjerke, de sosjalist woe der dea noch net fûn wurde. ,,Dochs wisten se de man oer te heljen en op de dei fan de begraffenis stie hy dan dochs yn tsjerke, klear om te sjongen.” Mar op it momint dat de man ynsette woe, fielt er de azem fan fan syn heit en syn mem yn ‘e nekke. ,,Hy krige it liet dêr yn tsjerke syn strôt net út,” fertelt Tamara.

Tekstskriuwer Bouke Oldenhof út De Tynje en ek regisseur Jos Thie rekken ynspirearre troch de terpen, de dêrop boude tsjerken en byhearrende leginden en ferhalen. ,,Se praten mei de kosters en kaaihâlders fan dy tsjerken. Se hearden safolle prachtige ferhalen, sa’n rykdom oan Frysk DNA. Dêr woenen se wat mei.”

It projekt ‘Under de Toer’ krige ferline jier in grutte subsydzje takend fan it Prins Bernard Cultuurfonds. ,,Sadwaande koenen wy doe fuort al los mei de tariedings,” fertelt Tamara.

Yn 2018 fine der 32 ‘Under de Toer’-manifestaasjes plak yn en om tsjerken hinne. ,,Muzikanten, teatermakkers en oare keunstners hawwe wy frege om dy ferhalen opnij te fertellen en te ferbyldzjen.” Tegearre mei ynwenners út ‘e buert.

,,It moaie oan it projekt fan bygelyks ‘It lûd fan De Middelsee’ fyn ik dat muzyk- en toanielferienings inoar fine en dat se mei har allen wat moais delsette. Ik hoopje echt dat dy gearwurking ek nei 2018 stânhâldt en dat keunstners inoar witte te finen.”

Tamara rekket net útpraat oer de moaie anekdoates. Tal fan yndrukwekkende ferhalen passearje de revu. Bygelyks oer de toer fan de Sint Vitustsjerke yn Wetsens dy’t yn 1842 ynstoarte. ,,Minsken út de omjouwing fertelden dat dy toer ynstoarte op it momint dat dûmny preke oer Simson, dy’t in heidenske timpel fernielde.” Dat ferhaal sil yn 2018 yn in fokaal trijelûk optekene wurde en sil dan ek op Sicilië, de bertegrûn fan de hillige Vitus, besongen wurde.

Eltse manifestaajse leit sa op eigen wize dy Europeeske link, sa ek it moaie leafdesferhaal dat húzet yn de Koepeltsjerke fan Berltsum. ,,Yn dy tsjerke sil it doarp in opera oer de leafde opfiere.” Neffens de oerlevering hongen der eartiids twa klokken yn de tsjerke. ,,In frouljusklok en in manljusklok. Yn de tiid fan Napoleon hienen se jild nedich en waard de manlike klok ferkocht oan it Dútske Mannheim.”

Beide klokken oerlibben de Twadde Wrâldoarloch en sille ûnder LF2018 wer byinoar brocht wurde. ,,Net echt, mar wol artistyk. Sa sille opnamen makke wurde fan de klok yn Mannheim, sa’t er dêr klinkt. Dat lûd komt werom yn Berltsum en sa sille beide klokken tegearre de leafde besjonge. It ferhaal fan in ûnberikbere, mar foar inoar bestimde leafde.”

Mear witte oer dit projekt? Sjoch fierder op www.underdetoer.nl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens