Ga naar inhoud
MAP
fy

Undernimmers oer partners: bist in alleskinner of gearwurker?

Op tiisdei 30 maaie lêstlyn waard in BusinessBoost-sesje spesjaal foar Club2018-leden organisearre. BusinessBoost is in inisjatyf fan ING en MKB Nederlân; BusinessBoost soarget derfoar datst aktyf oan ‘e slach giest mei dyn ûndernimming. Yn ynteraktive sesjes mei kollega-ûndernimmers wurde der kennis en netwurken útwiksele. Goed 50 Clubleden wienen by dizze sesje oanwêzich.

--------------------------------------------------------------

As ûndernimmer hoechst gjin alleskinner te wêzen. Watst net yn ‘e hûs hast, kinst ynhiere. Gewoan in saak fan de juste partners fine. Foar ûndernimmers út Fryslân is de ferkiezing fan Ljouwert ta Kulturele Haadstêd in útsochte kâns om nije saken én kontakten op te dwaan. Leden fan Club2018 krije ûndersteuning om dizze kânsen te benutten, lykas in sesje fan BusinessBoost. Sân ûndernimmers fan Club2018 oer har wichtichste én beëage partners.

Karin Veldhuizen, Watersportcamping Heeg, Heech

“Ik bin in gerssprútsjeferhierder, oftewol campingeigner. Ik bin altyd op syk nei kulturele partners om kreative gearwurkingen mei te organisearjen. Sa hawwe we al ris in sjongkursus fan in operasjongeres organisearre, in kreative caravan mei Tommy Wieringa en in ûntwerpworkshop mei de designers fan de Senseo-masine. We kinne gjinien betelje, dus oertsjûgje ik partners altyd om frijwillig mei te dwaan. Ik besykje der wol foar te soargjen dat sy der ek wat oan oerhâlde, lykas publisiteit. Fanwegen ús affiniteit mei kultuer wie it in logyske stap om lid te wurden fan Club2018. Elkenien dy’t op Ljouwert ôf komt yn 2018, moat dochs ek earne sliepe.”

Rik van Raak, Jumpverhuur, Akkrum

“Mei Jumpverhuur ferhiere we attraksjes foar eveneminten en festivals. Dêrneist produsearje we guon attraksjes sels. We besykje ús te ûnderskieden mei unike kreaasjes, lykas in libbensgrutte replika fan it bekende spul Stef Stuntpiloot. En we hawwe de grutste stormbaan fan de wrâld boud yn Akkrum, wêrmei’t we okkerdeis wiidweidich yn it nijs wienen. Wichtige partners binne ús fêste leveransier fan pvc-materialen en luchtkessens en fansels organisaasjes dy’t ús attraksjes keure op feiligens. Fansels fine we dat sels ek tige wichtich. Fia Club2018 wolle we graach yn kontakt komme mei gemeenten en oare organisaasjes om meiinoar unike eveneminten te organisearjen.”

Selder Zwaan en Gert-Jan Anema, Stukje Design, Ljouwert

“Stukje Design is in webdesign- en onlinemarketingburo. We wurde njonken direkte opdrachtjouwers gauris ynskeakele troch reklameburo’s dy’t in gearwurking mei ús oangeane foar it online part fan in opdracht. We sjogge harren dêrom as wichtige partners. Sels hiere we ek wolris ien yn, lykas in fotograaf. Ek hawwe we goed kontakt mei skoallen dy’t stazjêres by ús pleatse, dy’t kâns meitsje op in fêste baan nei de staazjeperioade. Dêrneist beheare we de grutste PHP-community fan Nederlân, dy’t yn 2002 troch ús webdirector oprjochte is en 15.000 aktive brûkers hat. Dêrfoar hawwe we in gearwurking mei Monsterboard foar it pleatsen fan fakatueres. Doel fan ús lidmaatskip fan Club2018 is wat weromjaan oan ús stêd en ús fierder profilearje as foaroprinnend webdesignburo yn Noard-Nederlân. Hooplik smyt it moaie nije gearwurkingen op.”

Hannie Schulting en Jeroen Schadron, Fysio Gorredijk, De Gordyk

“We hawwe tegearre in praktyk foar fysioterapy, diëtyk en begelaat sporten. We binne lid wurden fan Club2018 puer om te netwurkjen, hielendal net fanwegen Ljouwert as Kulturele Haadstêd. We wolle graach minder ôfhinklik wêze fan soarchfersekerders en mear wurk helje út net-fersekere en previntive soarch. Bygelyks troch bedriuwen te helpen harren wurknimmers fit te hâlden of gear te wurkjen mei arbo-artsen of psychologen dy’t harren pasjinten advisearje oan it sporten te gean. Of troch sikehûzen te ûndersteunen by fysike check-ups fan pasjinten, bygelyks mei in fytstest. We hawwe in protte ideeën, mar noch gjin partners. Hooplik kinne we dy op dizze wize fine.”

Wolter van der Wal, Financieel Adviesbureau Goutum, Goutum

“Ik jou finansjeel advys oan partikulieren, yn haadsaak oer hypoteken en fersekeringen. Ik haw in grut netwurk fan eksperts dy’t ik rieplachtsje kin. De wichtichste partijen dy’t ik nedich haw om myn wurk dwaan te kinnen binne de jildbesoargers: banken, fûnsen, fersekerders. Der binne der goed tritich yn Nederlân. Hjoed de dei komme je dêr net mear oer de flier, mar bart it oanfreegjen fan in hypoteek of fersekering folslein digitaal. Myn softwareleveransier is foar my yn dy sin ek in wichtige partner; dy helpt my om de optimale finansieringskonstruksje te finen foar myn klanten. It persoanlike advys, dat is myn tafoege wearde.”

Anna Wietske Veenstra en Bettie Mulder, Veenstra Reizen, Bûtenpost

“Wy binne in touringcarbedriuw en organisearje groepsreizen. Tink bygelyks oan senioarereizen, skoalreiskes en persoanielsútstapkes sawol yn binnen- as bûtenlân. Partners foar ús binne hoarekabedriuwen, stêden en pretparken op ús bestimmingen. Klanten komme by ús mei bepaalde winsken, bygelyks: wy wolle in aktyf deiprogramma yn de Rânestêd en lekker út iten. Dan benaderje wy partners yn dy regio en biede we de klant in totaalpakket oan. We hoopje dat Club2018 nije partners en saken opsmite sil foar ús, dêrom binne we lid wurden.”

Ulbe Postma, Alde Feanen, Earnewâld

“Wy ferhiere sloepen, fiskersboaten en fakânsjehûskes yn de natuer. Us wichtichste partners binne de partikuliere eigners fan de hûskes. Wannear’t se harren hûske sels net brûke, ferhiere se it fia ús. Ek it skjinmakbedriuw dat de hûskes skjinmakket sjoch ik as in wichtige partner. Ik kin net in dei sûnder harren. Us sloepen binne fan Maril, mar we keapje net elke dei in nije boat, dat fan harren binne we minder ôfhinklik. We hoopje dat Ljouwert as Kulturele Haadstêd sawol Fryslân as ússels op ‘e kaart set.”

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens