Ga naar inhoud
MAP
fy

Us gasten meitsje ús camping

Yn it súdwesten fan ús provinsje, tusken de Weisleat en de Hegemer Mar, krekt bûten it sintrum fan Heech, fynst Watersportcamping Heeg. In lytsskalige, griene boutique camping dy’t him rjochtet op minsken dy’t rêst sykje of lekker dwaan wolle dêr’t ús provinsje yn de simmer bekend om stiet: wettersporten.

De camping hat op it earste gesicht wol wat fan in festivalterrein sa’t we it Welcome to The Village festival kenne. ,,Lêsten kaam hjir ien dy’t even benaud wie dat se op in festival telâne kommen wie. Dêr hie se gjin nocht oan, want se kaam dochs foaral foar de rêst”, seit Karin Veldhuizen, eigener fan de camping. ,,Mar neat is wat it liket. De camping sjocht der hiel  gesellich út en hat dêrtroch nei alle gedachten wol de sfear fan in festival. Dat komt ûnder oare troch de slingers en lampkes dy’t yn in pear fan ús caravans hingje. Ik gean eins elk jier nei it festival om ynspiraasje op te dwaan foar hjir op de camping.”

Bûten de bekende paden
,,We kreëarje ús camping mei ús gasten. We hâlde ús net oan de trends yn de campingwrâld. Sa ha we gjin slachboom, binne ús diken net asfaltearre en ha we gjin animaasjeteam. Dat liket miskien saai, mar dêrfoaroer ha we ek in hiel soad oare saken dy’t oare campings net hawwe.”

Flak bûten de resepsje stiet in âlde telefoansel, mei op de bopperâne ‘Kiss-Box’. Wat der achter de rôze gerdyntsjes sit, is in riedsel. ,,Lêsten kaam Noortje, in jonge campinggast, by my mei it idee telefoanhokjes om te bouwen ta in soart geheime boks. Ik wist net hoe’t se dat foar har seach, dus doe hat se in tekening makke dy’t we útwurke hawwe. Har mem hat de gerdyntsjes makke. Sa wurkje de gasten mei oan it bouwen fan ús camping”, seit Karin blier.

,,Noch in leuk foarbyld is de Hooikist. Dat is in kiste mei hea deryn, dêr’t  twa pannen yn passe en sadat it iten gear wurdt sûnder dat it hieltyd ferwaarme wurde moat. Dy kinne minsken liene yn ruil foar in resept yn it boekje. Sa krije we in moai fol itensiedersboek en kinne de gasten op in leuke manier har iten klearmeitsje.”

Untwoartele rânestedsjer
Ek al folget Karin net de lanlike trends, se hat wol deeglik kennis fan saken. ,,Yn 2008 ha we lifestyle-ûndersyk dwaan litten nei ús doelgroep. Dêrút kaam de pearze doelgroep, ek wol de ‘ûntwoartele rânestedsjer’, as ús beëage publyk nei bûten. It die bliken dat wy dêr doe al hiel goed op yn spilen.”

,,Dat is in doelgroep dy’t de rêst opsiket en graach kennis op docht. Sa organisearre ik lêsten mei in freondinne in rûnlieding by allerhanne plantsjes op de camping del. Gewoanwei soenen dizze plantsjes as túch bestimpele wurde, mar kinst der faak safolle mei. De spûkeblom bygelyks, ek wol bekend as ‘miichpotsje’, is hiel lekker troch in salade. Us gasten fine it geweldich om dat soarte fan dingen te learen.”

Minsken wekker skodzje
Yn 2018 is de camping it dekôr foar de teäterfoarstelling ‘Lokroep’. In foarstelling dy’t biodiversiteit en duorsumheid foaropstelt. ,,It doel fan dizze foarstelling is dat we minsken bewust meitsje fan de wrâld dêr’t wy yn libje en dat we op dizze manier net trochgean kinne mei de fersmoarging, it brûken fan gemikaliën ensafuorthinne. We hoopje derfoar te soargjen dat de minsken de oare deis wekker wurde en har dat realisearje.”

,,Sa drage wy ús stientsje by oan 2018. Ik tink dat der safolle mear ûndernimmers oanheakje kinne soenen by dizze prachtige kâns. Ik begryp dat it foar bygelyks in ynstallateur of motoarebouwer minder foar de hân lizzend is om wat kultureels te organisearjen as foar in camping, mar it sil dochs barre. Wat mear we mei elkoar dogge, wat grutter en toffer it wurde sil. Dus as minsken in goed idee hawwe, lit se it asjebleaft oan my fertelle.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens