Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Us winkel is ien grutte eksposysjeromte”

Boekhandel Van der Velde docht mear as allinne boeken ferkeapje. Kinst der ek gauris terjochte foar live-optredens fan muzikanten, sinjearsesjes fan bekende skriuwers of eksposysjes fan keunstners. En der is geregeldwei omtinken foar Ljouwert-Fryslân 2018.

“We hawwe no in hiele hoeke ynrjochte mei boeken oer Mata Hari”, seit Ronnie Terpstra, yn- en ferkeaper by de boekhannel. “Sa spylje we yn op de tentoanstelling dy’t okkerdeis begûn is yn it Fries Museum. Takom jier sil der in tafel oer Escher wêze. Sa besykje we fierders altyd op de aktualiteiten yn te spyljen. Kinst ús winkel sjen as ien grutte eksposysjeromte.”

Njonken enoarme wanden mei boekekasten, cd’s en in kofjehoeke is der in grutte binnentún mei alderlei keunstwurken. “Us tún hjit fan De Slauerhoff. City Jazz is der al ris west en ferline jier hawwe we oan it LUNA Ljochtfestival meidien. We krije gauris de fraach fan muzikanten of keunstners oft se yn 2018 gebrûk meitsje meie fan de tún.”   

Tekst en foto's: Mark Grupstra

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens