Ga naar inhoud
MAP
fy

Utjefte kaarten nijjierskonsert fan start

Juster is de útjefte fan fergeze kaartsjes foar it nijjierskonsert fan it Nederlands Blazers Ensemble (NBE) yn Ljouwert begûn. Binnen trije oeren wienen der al 150 kaartsjes besteld. It konsert fynt plak op woansdei 3 jannewaris, fan 20.00 oere ôf yn Stedsskouboarch De Harmonie. 

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat it NBE útnûge om de gemeentlike weryndieling mei Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel per 1 jannewaris 2018 feestlik te begjinnen. Oant ‘e mei freed 15 desimber kinne inkeld en allinne ynwenners fan de nije gemeente Ljouwert telefoanysk (058 233 0 233) of oan de kassa by De Harmonie kaarten reservearje. Dêrnei kin elkenien kaarten bestelle. 

It konsert is in gearwurkingsferbân tusken it NBE en Kening fan’e Greide (King of the Meadows) fan it haadprogramma fan LF2018.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens