Ga naar inhoud
MAP
fy

‘Uurtje-factuurtje’ of mei in hândruk: hoe fertsjinnesto jild mei dyn bedriuw?

Op tiisdei 30 maaie lêstlyn waard in BusinessBoost-sesje spesjaal foar Club2018-leden organisearre. BusinessBoost is in inisjatyf fan ING en MKB Nederlân; BusinessBoost soarget derfoar datst aktyf oan ‘e slach giest mei dyn ûndernimming. Yn ynteraktive sesjes mei kollega-ûndernimmers wurde der kennis en netwurken útwiksele. Goed 50 Clubleden wienen by dizze sesje oanwêzich.

--------------------------------------------------------------

In wichtige fraach yn it Business Model Canvas: hoe fertsjinnesto jild mei dyn bedriuw? In faktuer it oere, leasing, abonneminten; de mooglikheden binne der by’t soad. Joust elke klant deselde deal of is der romte om te ûnderhanneljen? Fjouwer Club2018-leden dy’t de BusinessBoost-sesje besocht hawwe oer harren fertsjinmodel.

Karin Veldhuizen, Watersportcamping Heeg, Heech

“We moatte al ús jild yn it fakânsjeseizoen fertsjinje; tusken 1 april en 1 oktober. De rest fan it jier binne we ticht. We hawwe alderlei ferskate tariven: foar tinten, caravans, húsdieren, boatsjes. Kampearst in hiel seizoen by ús, dan hawwe we dêr in spesjale priis foar. Yn septimber jouwe we ek grutte koartingen. Ek fertsjinje we jild oan ferskate wettersportaktiviteiten en in oppastsjinst. En besykje ik elke simmer special guests te regeljen om in kulturele aktiviteit te fersoargjen. We sille der nea net ryk fan wurde, mar dêr giet it ús ek net om. Ik bin net fan de sifers, mar myn partner wol. Sels as ik in hingelmatte keapje wol, freget hy: hoe sille we dy weromfertsjinje?” 

Hannie Schulting en Jeroen Schadron, Fysio Gorredijk, De Gordyk

“As fysiopraktyk fertsjinje we ús jild no benammen mei it behanneljen fan pasjinten fia soarchfersekerders. Oan de iene kant is dat in hiele feilige ynkomstestream; je witte dat je altyd betelle krije. Oan de oare kant is it ek in grutte beheining. Je moatte oan ôfgryslik folle easken foldwaan en fersekerders kinne sels harren fergoeding bepale. Dochs binne we ek wer net foar it ôfskaffen fan soarchfersekerders, want dêrmei soe it ûndernimmerskip hielendal ferdwine. We wolle wol graach mear wurk helje út net-fersekere soarch, lykas bedriuwen dy’t ús ynhiere om de fitheid fan wurknimemrs te befoarderjen. Dan bepale soarchfersekerders net mear wat wy fertsjinje, mar wy sels.”

Wolter van der Wal, Financieel Adviesbureau Goutum, Goutum

“Ik jou advys oer hypoteken en fersekeringen oan partikulieren. Dat begjint altyd mei in frijbliuwend gesprek by de minsken thús. Dy earste 1,5 oere haw ik noch neat fertsjinne, mar eins giet altyd elkenien mei my yn see. Ik sykje hiel graach nei de persoanlike klik en it winnen fan fertrouwen. Minsken fertrouwe je dochs persoanlike ynformaasje ta. Klanten mei in hypoteekoanfraach krije fan my in dik rapport mei dêryn ek oare dingen dy’t ik advisearje, lykas in ynboelfersekering of libbensfersekering. It is net sa dat ik der sels ryk fan wurd as klanten ekstra’s ôfslúte, want ik rekkenje gjin kommisje, mar in fêst taryf. Ik fyn it wichtich om it folsleine finsansjele plaatsje mei te nimmen yn myn advys.”

Hans Noordstrand, moadeûntwerpr, Nijeholtpea

“It fertsjinmodel fan in couturier is eins hiel tradisjoneel. As ik haute couture meitsje, stikken dy’t echt one-of-a-kind binne, giet it om foarske bedragen. Somtiden binne der klanten dy’t it bêst fine dat je in ûntwerp noch oan ien as twa klanten ferkeapje, dan kin der wat fan de priis ôf. Mei fêste klanten dy’t alle jierren lânskomme, lykas de direkteur fan it Opera House yn Sydney, meitsje ik ek spesjale priisôfspraken. Dat giet faak, hiel âlderwetsk, mei in hândruk. Yn de moade giet alle kreativiteit yn it ûntwerpen sitten, net yn it fertsjinmodel. De krisis hat dêr neat oan feroare: rike minsken bliuwe ryk.”

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens