Ga naar inhoud
MAP
fy

Wagenborg bringt Ljouwert-Fryslân 2018 mear foar it fuotljocht

Wagenborg Passagiersdiensten hat him as sponsor ferbûn oan Ljouwert-Fryslân 2018. Fannemiddei is de oerienkomst op it kantoar fan LF2018 ûndertekene. “Wagenborg  spilet aanst benammen op it mêd fan kommunikaasje en marketing in wichtige rol”, seit Tjeerd van Bekkum.

De direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018 giet fierder: “Mei de uteringen fan Ljouwert-Fryslân 2018 yn de terminals en op de skippen fan Wagenborg Passagiersdiensten, krije we as Fryslân in soad sichtberens en útstrieling. Je moatte as passazjier fan Wagenborg it gefoel hawwe dat je midden yn it programma steane. Ik bín de Kulturele Haadstêd fna Europa. Dát gefoel!”

Ger van Langen, direkteur fan Wagenborg Passagiersdiensten, seit: “It programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 is útdaagjend en ôfwikseljend en fertsjinnet sa breed mooglik omtinken. We binne dêrom bliid dat we as partner ús bydrage yn ‘e promoasje leverje kinne.” 

Oer Wagenborg Passagiersdiensten
Wagenborg Passagiersdiensten fersoarget al goed hûndert jier feartsjinsten tusken It Amelân en Holwert en tusken Lauwerseach en Skiermûntseach. It giet om rom in miljoen besikers it jier. De passazjierstsjint is ûnderdiel fan de Koninklijke Wagenborg Groep yn Delfzijl, oprjochte yn 1898 troch Egbert Wagenborg, en is noch altyd in famyljebedriuw.

Njonken fearboaten beskikt de feartsjsint oer wettertaksy’s dy’t op fersyk tige fluch tolve persoanen nei de oare kant fan de Waadsee bringe, parkearfoarsjenningen yn Holwert en in sneltsjinst dy’t mei yngong fan 2018 operasjoneel is op de tsjinst It Amelân-Holwert. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens