Ga naar inhoud
MAP
fy

Warten barst út syn foegen

Nei in gesellige middei mei it bekende skippersmiel, de merk mei allerhanne ambachten en ferskate teäterfoarstellingen falt de jûn. Warten streamt fol mei ljochtsjes. Ljochtsjes fan tsientallen skippen yn alle soarten en grutten dy’t it Wartenser Wiid trochkruse rjochting it sintrum fan it Fryske doarpke dat amper 950 ynwenners telt, mar no oerspield wurdt troch tûzenen besikers. De floatskou fan de Wartenster Wetter Wille is begûn en Warten barst út syn foegen.

Op it folle terras fan restaurant de Kok & de Walvis, fuort oan it batskjende wetter fan it Wartenster Wiid, sjogge Catharinus van Balen en Petra Vergunst in jier foarút. ,,Op 15 en 16 septimber 2018 is Warten it dekôr fan de sechsde edysje fan de Wartenster Wetter Wille”, seit Catharinus, foarsitter fan de organisaasje. ,,Twa feestlike dagen fol boaten, ambachten, teäter, muzyk en oare aktiviteiten op en by it wetter dêr’t it doarpke oan, op en fan libbet.”

Gewoanwei is it evenemint allinne op ûneven jierren, mar spesjaal foar Leeuwarden-Fryslân 2018 is de Wartenster Wetter Wille in jier opskood. Elk jier stiet it wykein yn in oar tema, mei yn 2018 - hoe kin it ek oars - de mienskip.

Hutsje mutsje
De foarsitter neamt op: ,,It Nijpaed, Hellingpaed, Stoombootshaed... we ha hjir sa’n 200 meter oan keale kade en yn 2009 meaten we al 400 meter oan skip. Dat wurdt elke edysje mear. Elkenien leit dus hutsje mutsje oan elkoar. Dat jout in sfear dy’tst allinne mar ûnderfine kinst troch derby te wêzen. Ast betinkst dat Warten sa’n 950 ynwenners telt en der in pear tûzen besikers komme, dan is dat net te leauwen. Foar 2018 kinne we moai meiliftsje mei de publisiteit fan Leeuwarden-Fryslân 2018, dus de ferwachtingen binne heech.”

Wat de Wartenster Wetter Wille sa suksesfol makket, is de gearwurking tusken alle ferieningen yn it doarp. ,,We ha hjir safolle ferskillende ferieningen”, begjint Petra. ,,In follybalklup, in toanielferiening, de sylferiening, ensafuorthinne. Allegear wurkje se mei en fan alle ferieningen sit der ien yn it bestjoer fan de Wartenster Wetter Wille. Dêrneist binne de ûndernimmers út dizze regio hiel belutsen, lykas de wettersportbedriuwen, hoareka en de jachthaven.”

Yn Warten fynst in mienskip dy’t sa hecht is ast mar selden sjochst. Neffens Catharinus hat dat te krijen mei it respekt dat de ynwenners foar elkoar hawwe, nettsjinsteande de ferskillende oertsjûgingen dy’t der binne. ,,Fan oarsprong wenje hjir katoliken, Nederlânsk Herfoarmen en grifformearden troch elkoar. Alle ferfier gie eartiids oer it wetter, dêr wienen we allegear ôfhinklik fan. Elkenien wie dêrtroch dus wer ôfhinklik fan elkoar. It wetter ferbynt de minsken.” Noch hieltyd foarmet it wetter de belangrykste ier troch it doarpke. Warten libbet fan rekreaasje en hoareka op en by it wetter.

Wenje yn in aansichtkaart
Catharinus wennet sels oan de kade foar it restaurant oer en sjocht alle dagen boatsjes foarby farren. ,,Ik bin hjir hikke en tein, dus foar my is it hiel gewoan dat der alle dagen boatsjes foar hûs lizze. Foar myn hûs lizze geregeld minsken oan dêr’t ik in petearke mei ha. Se sizze wolris dat ik yn in aansichtkaart wenje. As ik dan om my hinne sjoch, kin ik se allinne mar gelyk jaan.”

De Wartenster Wetter Wille is oait ûntstien troch in fraach út de tsjerke wei. Piet van der Velde fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke woe yn 2007 wat oars as it reguliere doarpsfeest organisearje. Tagelyk wie der jild nedich foar de renovaasje fan de tsjerke. Sa ûntstie de Wartenster Wetter Wille.

,,We binne foar de Wartenster Wetter Wille ôfhinklik fan sa’n tachtich frijwilligers dy’t har elke edysje mei hert en siel ynsette. Hjir wurdt ek mei klam de jeugd fan Warten by belutsen. Dy frijwilligers binne wy allegear hiel tankber.”

Mar wat sille we takom jier dan krekt sjen? 
,,Klassike eleminten dy’t elke edysje weromkomme lykas de floatskou op sneontejûn, de merk mei ambachten en teäter. Unyk oan ús floatskou is dat der allegear ferskillende skippen binne. Fan baggerskip oant rûnfeartboat”, leit Petra út.

,,Seis jier lyn hienen de bern fan allegear ôffalhout in pirateskip makke”, ljochtet Catharinus ta. ,,Dat wie echt superleuk, mar we krigen in soad geseur om’t de boat net feilich genôch wêze soe. Dat geseur woenen we de edysje dêrop net wer, mar we moasten wol in bysûnder skip hawwe. Foar de edysje fan 2013 fûn ien fan de bestjoersleden in goede ferfanger. Dy kaam in pirateskip tsjin yn Noard-Fryslân. Dat skip ha we yn it geheim midden yn de nacht oer de dyk ferfierd om’t dat ding fierstente grut wie. We hienen gjin fergunningen en neat, dus dat wie hiel spannend mar wol in bysûndere ûnderfining”, fertelt Catharinus blier.

,,Twa jier lyn sochten we wer sokssawat, mar dêr woenen we mear publisiteit oan jaan. We gienen dus wer op syk en kamen yn deselde regio as de edysje dêrfoar in Chinook-helikopter tsjin, sa’n grutte fan it leger mei twa propellers. Dy ha we op in ponton oer de Dokkumer Ie ferfierd, troch Ljouwert nei Warten. Omrop Fryslân hat dêr sels noch opnamen fan makke.” Watfoar bysûndere fartugen oft we takom jier allegear ferwachtsje kinne, is no noch in ferrassing.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens