Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Wa’t grutte dingen dwaan wol, moat syn krêften bondelje”

3 Oktober wie in mylpeal foar Ljouwert-Fryslân 2018. Op it Gouverneursplein yn Ljouwert waard it programma fan Kulturele Haadstêd 2018 presintearre. Elkenien kin it op 2018.nl besjen en de kaartferkeap is fan start gien. Tiid om werom te sjen, mar foaral ek om foarút te sjen. Dat dogge we mei ús haadsponsors. 

ING
Gerrit Keen, regiodirekteur

ING waard yn july 2016 de earste haadsponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dêrmei toande de ynternasjonale bank syn fertrouwen yn de organisaasje fan it Kulturele Haadstêdjier. “Wy witte as gjin oar dat dit soarte dingen in lange tariedingstiid fergje”, leit Gerrit Keen, regiodirekteur, út. “We woenen net te lang wachtsje mei ús fertrouwen te toanen en hopen partijen oer de streek te lûken om ek sponsor te wurden. Us doel is om kultuer tichter by de minsken te bringen.” Dat sjochst net allinne yn Fryslân: de bank is yntusken al mear as tsien jier haadsponsor fan it Ryksmuseum. 

Oan de muorre fan it kantoar fan de regiodirekteur hingje skilderijen fan Pieter Pander en Jan van der Kooi. Beide keunstners út it noarden. Beide skilderje se binnen it realisme: Gerrit syn favorite streaming út de keunstskiednis. “Ik bin in noarderling en sa fiel ik my ek. Ik fyn it ferskuorrend knap wat de organisaasje fan LF2018 docht. Je krije mar ien kâns om dit te dwaan. Dat dizze minsken dat op harren nimme en ek alle inisjatyfnimmers en oerheidsorganisaasjes dy’t derby belutsen binne, fertsjinnet allinne mar respekt.” 

It sponsorskip fan de bank sjogge we werom yn de adopsje fan produksjes as De Reuzen fan Royal de Luxe, It Iepeningswykein, 11Fountains en Escher op Reis. “We binne dêrneist hiel nau belutsen by Club2018. In groep ambisjeuze ûndernimmers dy’t wy stimulearje om gear te wurkjen. Krekt dêrom fyn ik it sa moai dat net allinne Ljouwert, mar hiel Fryslân ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd fan Europa is. As stêd kinst it net allinne. Wa’t grutte dingen dwaan wol, moat syn krêften bondelje. Ik soe it hiel moai fine as der eat út LF2018 ûntstiet wat bliuwend is. Dat is ek wat we mei Club2018-leden berikke wolle: dat der gearwurking ûntstiet tusken ferskillende ûndernimmers. Gearwurking dy’t ek nei 2018 stânhâldt.”

Gerrit sjocht sels it meast út nei De Reuzen fan Royal de Luxe. “It wurdt sa yndrukwekkend om dy aanst live te sjen. Dêr stean ik mei de noas foaroan.”

Lês ek it ferhaal fan it LOF

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens