Ga naar inhoud
MAP
fy

Welcome to The Village: foar en troch de mienskip

“Wy hawwe jierdei”, begjint Eva van Netten, programmamakker fan it Welcome to The Village (WTTV) Festival. “Dit jier besteane we fiif jier, en is it festival wat ús oanbelanget folwoeksen oan it wurden. Dat is mei mooglik makke troch de Mienskip. Hûnderten minsken út hiel Fryslân wei hawwe meiholpen troch as frijwilliger mei te bouwen, as bedriuw koarting te jaan of ús te sponsorjen. Ek tanksij ferskate groepen dy’t ús helpe by it oanklaaien fan it festivalterrein troch flachjes of kleedsjes te meitsjen.”

It kantoar fan de organisaasje strielt in festivalsfear út. It meubilêr bestiet út in allegaartsje fan twaddehânske stuollen, tafels, banken en fersiersels. De kreative geast is hjir dúdlik oanwêzich. “Dit wykein fynt WTTV 2017 plak, dêr binne we no drok mei dwaande. Mar stikem binne we ek al oan it brainstoarmjen foar 2018,” leit Eva út. “Fansels wolle we it programma fan dit jier wer oertreffe, it is ûnophâldlik yn ûntwikkeling. We binne der ferskriklike grutsk op dat we dit jier wer bands út hiel Europa wei nei Fryslân helje. Takom jier sille we ús mear rjochtsje op ynterdissiplinêre foarstellingen, kombinaasjes fan bygelyks teater en muzyk. In goed foarbyld datst dit jier al sjen kinst is Mechanical Ecstasy fan Club Guy & Roni yn gearwurking mei Slagwerk Den Haag: dat is in dûnsfoarstelling en klubnacht yn ien.

Duorsumheidsambysje

“Ek meitsje we alle jierren in slach yn it ferduosumjen fan it festival, mei as stribjen yn 2022 folslein sirkulêr te wêzen. Dit jier binne we foar it earst al fossylfrij yn ús eigen produksje. Ek op it mêd fan iten besykje we sa duorsum en logysk mooglik te wurkjen. We helje safolle mooglik út de omjouwing, by lokale boeren en leveransiers. Vitens leit bygelyks foar dit jier in liedingnetwurk oan fan goed in kilometer lang, sadat we gjin wetter yn plestik fleskes of pakjes hoege te ferkeapjen. Dat skeelt withoefolle ôffal en CO2-útstjit.”

“In oar foarbyld fan de belutsen mienskip sit yn de tarieding. We wurkje gear mei ferskate soarchgroepen út de omkriten, lykas Talant en Patyna. Alderen of minsken mei in beheining komme hjir gauris om dingen te meitsjen foar op it festival, lykas flachjes, menuboerden of kleedsjes. It is prachtich om dizze minsken op it festival werom te sjen, om’t je dy dêr normaal sprutsen net ferwachtsje. Dochs fine se it altyd geweldich leuk.”

Win-winsituaasje

“Fanút Talant hawe we meiholpen om it festival op te bouwen,” seit Wytske Hoekstra, begelieder by Talant. “Us minsken hawwe fan beamstamkes túnkabouters makke, flachjes foar it jierdeisfeest makke en kaaikoarden koarkjebreide. Freed sille we gesellich mei ús allen nei it festival.”

“De organisaasje fan it festival hat ús frege om dit jier mei te wurkjen. It is wier in hiele moaie gearwurking, wêr’t elkenien fan profitearret. Us minsken fine it ferskriklike leuk om dingen te meitsjen en de organisaasje hat sa in protte hannen om te helpen. We hawwe ek in spesjale ‘stoere mannen groep’ dy’t helpt by it opbouwen. It leukste is noch dat we foar freed in echte tourbus hierd hawwe en lekker mei ús allen nei it festival geane. Dan sjocht elkenien syn wurk werom, in hiele aardichheid. We sjogge der wis nei út om takom jier tidens it Kulturele Haadstêdjier wer meiinoar oan it wurk te gean.”

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens