Ga naar inhoud
MAP
fy

Workshopdei LF2018 op sneon 25 novimber 2017

Foar alle makkers, inisjatyfnimmers en produsinten fan in kultureel projekt yn 2018. 

No sneon 25 novimber organisearret Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018), yn gearwurking mei ferskate partners, in dei mei workshops foar organisatoaren fan kulturele projekten en eveneminten dy’t plakfine sille yn it ramt fan LF2018. 

Mei LF2018 litte we sjen dat keunst en kultuer in middel wêze kin om feroaring ta stân te bringen. Troch ús hannen út ‘e mouwen te stekken, oars doare te wêzen en grut doare te dreamen, wurkje we mei-inoar oan in takomst dy’t iepener, sosjaler en duorsumer is. Elkenien dy’t in evenemint of kultureel barren organisearret draacht dus op syn of har wize in stientsje by oan in moaiere wrâld. Grut of lyts.

Om de effekten sa grut mooglike wêze te litten, wol LF2018 inisjatyfnimmers en organisatoaren graach ûnderstypje om ynhâldlik en/of organisatoarysk fierder te ferbetterjen. Bygelyks op it mêd fan duorsumens, tagonklikheid en feiligens. Dêrom organisearje wy op sneon 25 novimber in dei mei workshops oer ferskillende ûnderwerpen.

Alle kulturele projekten (nij én besteand) dy’t yn 2018 plakfine yn Fryslân kinne yn it LF2018-programma opnommen wurde. Dus organisearrest in projekt of evenemint en wolst graach mear ynformaasje oer bepaalde ûnderwerpen, dan nûgje we dy hjirby fan herten út om oanwêzich te wêzen op dizze workshopdei. Meidwaan is fergees. 

De workshopdei fynt plak yn De Kanselarij (Turfmarkt 11, Ljouwert) fan 9:30 oant 17:00 oere.

Tiidskema sneon 25 novimber

  • 09.30 – 10.00: Ynrin
  • 10.00 – 10.15: Wolkom, ynlieding en struktuer fan de dei troch LF2018
  • 10.15 – 10.30: Gelegenheid om nei de juste workshopromte te gean 
  • 10.30 – 11.30: Earste workshopomgong   
  • 11.30 – 11.45: Wikseljen workshops
  • 11.45 – 12.45: Twadde workshopomgong
  • 12.45 – 13.45: Lunch
  • 13.45 – 14.00: Rjochting workshoplokaasje
  • 14.00 – 15.00: Tredde workshopomgong
  • 15.00 – 15.15: Wikseljen workshops
  • 15.15 – 16.15: Fjirde workshopomgong
  • 16.15 – 17.00: Neiprate (boarrel)


Oanmelde
We hawwe in grut oantal ferskillende workshops. Kinst op dizze dei fjouwer workshops folgje. As projekt kinst maksimaal mei syn twaen komme, dus as projekt kinst yn totaal acht workshops folgje. Fia it oanmeldformulier kinst dy opjaan. Dat kin oant freed 10 novimber. Hearst dan foar 18 novimber fan ús by hokker workshops ast yndield bist en hoe let dyn workshops plakfine. 

Let op: mooglik komme der mear oanmeldingen as wêr’t wy plak foar hawwe. Oanmeldingen wurde ferwurke op folchoarder fan binnenkommen.

De workshopdei wurdt mei mooglik makke troch: LF2018, De Kanselarij, NDC, Stipe.frl, Haan Advocaten, Belastingdienst, Bentacera, Knowlegde2018 en Weitenberg Assurantiën. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens