Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Wy reagearje op de wrâld”

Takom jier hat Tryater meardere grutte foarstellingen foar ús yn petto. Njonken in teaterstik tidens de iepening, kinne we útsjen nei Karawana, Wereldburgers van de Voorstreek en Dorp Europa. Allegearre ûnderdiel fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

“Al dizze foarstellingen binne meartalich en reagearje op de wrâld”, leit Ira Judkovskaja, artistyk lieder by Tryater, út. “Sa draait Wereldburgers van de Voorstreek om alle ferskillende aksenten dy’t je yn ien strjitte fine kinne. Oan de Foarstreek is in Russyske supermerk, in Afrikaanske kapsalon en in Koerdyske winkel fêstige. Oeral prate se Nederlânsk mei in oar aksent, mar se libje allegearre mei elkoar.” By dizze foarstelling komt der in rige artikels yn ‘e Ljouwerter Krante. 

Bettere wrâld
“It moaie oan teater is, datst tsjintselde partijen njonken elkoar sjen litte kinst. Eat wat yn de echte wrâld hast ûnmooglik is. Kinst bylden skeppe dy’t der noch net binne. We kinne as teater de wrâld net feroarje, mar wol eat bydrage oan in ferbettering.”

Oan de foarstellingen dy’t Ira regisearret, leit in persoanlike reden te’n grûnslach. “Ik bin oait as asylsiker dit lân ynkaam. Troch de agresje en lilkens en it opskuor oer de asylsikersstream, in pear jier lyn, frege ik my ôf oft ik noch wol yn dit lân bliuwe koe. It bliuwt my fernuverjen dat der hieltyd behoefte is om elkoar yn hokjes te stopjen en dêrmei te diskriminearjen.”

De krêft fan teater
Mar Ira is bleaun en lit ús takom jier genietsje fan meardere grutte foarstellingen. “Ast nei in teaterfoarstelling giest, is dy elke kear oars. Gean mar ris nei in foarstelling en besjoch him in pear wike letter noch ris. Ik garandearje dy datst om oare mominten lakest en der oare dingen opfalle. Dat hast net mei in jûntsje Netflix.” Dy eigenskip wurdt fierder útwurke yn in nije foarstelling, mei de namme Iedereen is een Prutser. Allinne it begjin en it ein steane fêst, de rest bestiet elke kear út oare sênes. Akteurs ymprovisearje net, mar nimme elkoars stik oer of beynfloedzje elkoar.”

De lear dy’t Ira dêrút lûkt, wol se tapasse yn Dorp Europa. In teaterfoarstelling dy’t yn ‘e hjerst fan 2018 troch de provinsje lûkt, fan doarp nei doarp. “As we nei gesprekken oer de takomst sjogge, en der wurdt oer Europeanen praat, wurdt der útgien fan de Europeaan dy’t yn de grutte stêden wennet. Plattelânsbewenners wurde yn ‘e literatuer faak as nochter, hurdwurkjend, hjitsich of just nayf delsetten. We freegje yn Dorp Europa oan it publyk oft we ús dêr noch wol yn werkenne wolle. Elke foarstelling wurdt ôfstimd op de lokaasje. Elke kear is oars.”

Yn novimber hat Tryater in seizoenspresintaasje. Doarpen krije dan mear ynformaasje oer de mooglikheid harren yn te skriuwen as lokaasje foar Dorp Europa.

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens