Ga naar inhoud
MAP
fy

Yn de holle sjen fan in jonge mei autisme

Op 2 septimber giet yn Jorwert in multymediaal spektakel yn premjêre. It Iepenloftspul Jorwert presintearret dan “It bjusterbaarlike foarfal mei de hûn yn de nacht”. Rûnom yn de notaristún komme grutte projeksjeskermen te stean en it publyk wurdt oan de hân fan fideobylden meinommen yn de wrâld en de holle fan in jonge mei autisme.

De jonge ken alle lannen fan de wrâld en de haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út de holle. Mar mei grapkes wit er him gjin ried. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. 

Hy giet noait allinne de strjitte op. Mar dan bart der wat: de hûn fan de buorfrou wurdt fermoarde. Fan dat momint ôf wol er de wrâld yn. It publyk giet mei him mei op reis, op syk nei de moardner fan de hûn, mei yn alles wat er ûnderweis belibbet. 

“It bjusterbaarlike foarfal mei de hûn yn de nacht” is de Jorwerter bewurking, frij nei it boek “Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht” fan Mark Haddon. De premjêre is op 2 septimber, de foarstelling is te sjen oant en mei snein 30 septimber. 

Sjoch foar mear ynformaasje en tickets hjir.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens