Ga naar inhoud
MAP
fy

Yn de Twadde Wrâldoarloch sieten hjir in soad ûnderdûkers

,,Ik bin hjoed jo skipper”, begjint Ulbe Postma fan Alde Feanen dizze nachtfeart fan achter it roer fan de sloep. Om healwei tsienen jûns passearret de boat it startpunt fan ‘De 100 van Eernewoude’, in klassike reedrydtocht op De Alde Feanen. Oan de ein fan july is der gjin spoar fan iis te bekennen op it wetter fan dit Nasjonaal Park. Oan bakboardside dobberet it byld fan trije reedriders: winners fan de tocht. Mei de sinne-ûndergong oan stjoerboardside glidet de sloep rjochting de wyldernis.

Ulbe organisearret sûnt 2015 yn de simmermoannen nachtfearten ûnder de namme ‘Beleef de Nacht”. ,,Doe’t ik hearde dat Ljouwert en Fryslân Kulturele Haadstêd fan 2018 binne, bin ik begûn nei te tinken wat ik dêrmei dwaan kinne soe. It Nasjonaal Park is prachtich, hielendal by sinne-ûndergong en yn de nacht. Inkeld in skipper mei ûnderfining kin om dy tiid hinne farre, dus minsken dy’t sels in boatsje hiere komst dan net gau tsjin.”

Ulbe is alfêst mei nachtfearten begûn om te sjen hoe’t it rint. Hast alle moandeitejûnen tusken maaie en septimber fart er mei in folle boat de mar oer, dus it giet goed. ,,Ik doch dit inkeld om’t ik it leuk fyn, sels mei twa persoanen geane we it wetter op. Ik far altyd mei ien boat mei maksimaal tolve persoanen, oars wurdt it te massaal.”

Ynspiraasjeboarne
Krekt mei net folle persoanen op ‘en paad gean, smyt de moaiste jûnen op, fynt de skipper dy’t yn tinzen weisakke is: ,,Lêsten wienen in mem en soan hielendal út Doetinchem kommen foar in tochtsje. Se wienen de iennige twa dy’t foar dy jûn boekt hienen, dan kinst ek net ôfsizze. It soantsje sei doe oan de ein: ‘Ik soe wolle dat it altyd sa wie’. Foar sokke reaksjes dochst it.”

In soad fan de leginden en histoaryske ferhalen dy’t de revu passearje, fertelt Ulbe út eigen ûnderfining. Hy is hikke en tein yn it gebiet en ken der hast elkenien. ,,Ik lear in soad fan de minsken dy’t meifarre. Ik ha geregeld Friezen oan board dy’t in soad fan de regio witte. De ferhalen dy’t sy fertelle, bewarje ik dan foar de folgjende feart.”

Underdûkadres
It natuergebiet biedt oan wjerskanten fan it wetter fakânsjehûskes. Allinne mei de boat tagonklik. Eartiids wienen de diken hjir min en gie alles oer it wetter. De boat fart stadichoan it bewenne gebiet út, de wyldernis in. De sinne hat de lêste strielen fan hjoed skine litten. De earste stjerren wurde sichtber: it is likernôch tsien oer jûns. Op in inkelde tsjinlizzer nei, binne we hielendal allinne op dit wetter.

De sloep draait in smelle feart yn, net breder as trije meter, mei oan wjerskanten reid sa heech datst inkeld in pear meters fier sjen kinst. ,,Yn de Twadde Wrâldoarloch ferstoppen in soad ûnderdûkers har yn dit reid”, Ulbe wiist nei de reidkraach. ,,Dêr lei in boat fol ûnderdûkers. Dy waarden ferret troch in doarpsbewenner. De boat waard oerfallen, mar in pear ûnderdûkers wisten it reid yn te flechtsjen. De Dútsers skeaten doe flink yn it reid, mar tochten dat de fijân al op fyftich meter ôfstân wie, se skeaten dus fierstente heech. Dy jonges ha grif sân kleuren stront skiten doe’t de kûgels har oer de holle jagen.”

De smid fan Earnewâld
Neist spannende ferhalen oer it natuergebiet yn oarlochstiid passearje ek ferskate sterke leginden de revu, lykas dy fan de smid fan Earnewâld. ,,Dy ried op in dei fan Earnewâld nei de bakker yn Warten. It waaide hurd, wêrtroch’t der wekken yn it iis ûntstien wienen. Doe’t de smid omseach, seach er in skaad dat him achterfolge. Hy tocht dat der in reedrider achter him siet. Even letter seach er nochris, it skaad wie der noch. Hy gie hurder. Doe’t er wer omseach, glied er sa in wek yn. Hy hie lykwols safolle faasje krigen dat syn lichem ûnder it iis troch skeat, syn holle der noch boppe. Hy wie dus ûnthalze. By it folgjende wek kamen beide wer by elkoar en frearen wer fêst. De smid ried fierder rjochting Warten.”

By de bakker oankaam, gie de smid foar de oven sitten om him op te waarmjen. Doe’t de bakker boppe wie, hearde er in bonkjend lûd. Doe’t er wer ûnder kaam om te sjen, siet de smid dêr sûnder holle. Troch de waarmte fan de oven wie syn holle wer fan syn romp ôfraand.

Legacy
De rest fan de simmer ferhiert Ulbe sloepen. ,,Se lizze no al klear mei de kajút derop, sadat derop slept wurde kin. Spesjaal foar takom jier ha we der mear, om’t it de perfekte kombinaasje is om in sloep te hieren om nei ien fan de eveneminten op of om it wetter hinne te gean. Ik ferwachtsje dan ek ekstra drokte yn it Kulturele Haadstêdjier. Ik sit deroer nei te tinken nei 2018 troch te gean mei nachtfarren. Ik genietsje der alle kearen wer fan.”

Benijd nei mear leginden of skiednis fan it natuergebiet? Boek de lêste kaarten foar dit jier of kom takom jier! 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens