Doar te dreamen. Doar te dwaan. Doar oars te wêzen. Toan lef troch te wurkjen oan it Fryslân fan de takomst sa’sto wolst dat it is. Dat is wêr’t Ljouwert-Fryslân 2018 om draait. It binne ús tema’s en se foarmje de rêchbonke fan ús ferhaal. In ferhaal fan wolkom hjitte, nije opsjes ûndersykje en ferbining meitsje mei wrâlden dy’tst noch net koedest. In ferhaal fan mei-inoar bouwe oan in omjouwing dy’t in stikje better is as no en juster. Ek nei 2018. Wy leauwe dat it kin en ús programma, dat bestiet út goed 50 grutte eveneminten en hûnderten mienskips-inisjativen, foarmet it bewiis. 

Doar te dreamen

Us ambysjes binne eigensinnich en grinsleas. Gjin kwelder is ús te djip en gjin terp te heech. Ljouwert-Fryslân 2018 dreamt mei it programma oer de grinzen hinne. Mei de holle omheech en de hân útstutsen litte we ús út namme fan Nederlân sjen oan de rest fan Europa. Grutte dieden wurde berne út lytse inisjativen en wa’t jong fan geast is stiet sterk foar de takomst. Dy is nammentlik makber -  dat bewiist ús programma. Trouwens, net ien fan ús programma-ûnderdielen is fan it benaude. Mei histoaryske bern as Mata Hari en Escher, en eveneminten as 11Fountains en Look@Me, litte we de wrâld sjen dat Fryslân nea bang west is om himsels te fernijen, en dat we noch grutter doare te dreamen yn 2018.

Doar te dwaan

Troch op te kommen foar de Fryske neilittenskip, it lânskip en de noardlike wize fan libjen, wol Ljouwert-Fryslân 2018 bouwe oan in omjouwing dy’t we trochjaan kinne. Want ús provinsje is net allinne moai, mar ek ferskaat, tagonklik en unyk. Dat wolle we bewarje en bewekje troch mei lef, keunst en kultuer âlde gesprekken op gong te bringen en nije ynsichten te finen. We meitsje ús hurd foar bioferskaat en litte it belang hjirfan sjen. Sa meitsje we ús greiden wer libbene fjilden, fan de Waadkust in iepenloftmuseum fol keunst, fan wetter nije enerzjy en fan frjemde wrâlden nij fûne freonen. Dêr is lef foar nedich. Want wa’t bang is foar in wiet pak, komt nea oer de sleat.

Doar oars te wêzen

Ast dochst watst altyd diedest, krijst watst altyd krigest. Yn 2018 lit Fryslân dêrom sjen dat it echt oars kin. Want hoe sterk en fertroud we ús ek fiele yn ús Frysk-wêzen, de tiid dat we ús blik nei binnen rjochtsje koenen is foarby, en wat ús leaf is moatte we diele. Ljouwert-Fryslân 2018 giet dan ek oer elkoar fine wylst de wrâld ferskriklike fluch om ús hinne ûntwikkelet. It giet oer in eigenwize en belutsen mienskip mei each foar elkoars ideeën, mooglikheden en útdagingen. Just as it frjemd is, is it goed, want wat fan fier komt is bêst wol lekker. Tink dus grut, tink oars: reuzen yn ‘e stêd, teater yn ‘e kassen, keunst yn nimmenslân. We jouwe ús fantasy de romte, en ús romte oan de fantasy.

Besjoch ek

Programma

FAQ

Kontakt

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators