Wat is in Kulturele Haadstêd fan Europa?

“Kulturele Haadstêd fan Europa is in ynternasjonaal kultureel projekt en ien fan Europa’s meast ambisjeuze eveneminten. It wurket sa: elk jier hâlde twa lannen út de Europeeske Uny in nasjonale wedstriid. Yn dizze lannen wurdt úteinlik ien stêd oanwiisd om in jier lang Kulturele Haadstêd fan Europa te wêzen. Foar 2018 is Ljouwert ien fan de twa Europeeske stêden en dêr binne we nochal grutsk op! Mar it is net allinne in Frysk feestje; Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 is in nasjonaal Nederlâns evenemint mei as episintrum Ljouwert en de provinsje Fryslân.”

 

Wêrom wûn Ljouwert mei Fryslân de titel Kulturele Haadstêd fan Europa 2018?

“De Europeeske sjuery rekke yn 2013 it meast oertsjûge troch de ideeën út ús bidbook (presintaasjeboek). De Fryske mienskip wie neffens de Europeeske sjuery de reden om Ljouwert-Fryslân út te roppen ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. De unike belutsenheid fan Friezen by harren neiste omjouwing, famylje, freonen, buorlju, ferieningen, korpsen en koaren makke grutte yndruk.

Foaral it idee om mei de eveneminten echt wat bliuwends efter te litten die mannich sjuery-hert flugger klopjen. We fine dat de kulturele inisjativen wat betsjutte moatte. Dat ús wize fan tinken en libjen in frisse ympuls jout. Dat kin op ferskate wizen, bygelyks op it mêd fan skjin drinkwetter, de multykulturele mienskip, duorsume ynnovaasje en it bestriden fan earmoed. We wolle dizze kâns mei beide hannen oangripe, want krekt yn 2033 komt Nederlân opnij yn oanmerking om in Kulturele Haadstêd te nominearjen.”

Wat is dat eins, de iepen mienskip?

“Iepen mienskip is tema fan ús programma: Ljouwert-Fryslân 2018. Mei mear as 800 projekten litte we yn 2018 in iepen mienskip sjen oan Nederlân en de rest fan Europa; in eigenwize en belutsen mienskip mei each foar elkoars ideeën, mooglikheden én útdagingen. Troch ús kulturele kleur yn 2018 tentoan te stellen, wolle we ferbining meitsje mei de ferskillende leefmienskippen yn hiel Europa. Sawol firtueel online, as ‘yn it echte libben’.”

 

Wurdt der gearwurke tusken LF2018 en Valletta2018, de beide Kulturele Haadstêden fan Europa yn 2018?

“Jawis, we wurkje gear op ferskate nivo’s en tusken ferskillende dissiplines. Poetic Potatoes (regelmjittige útwikseling fan Malteeske en Biltker ierappels en gedichten) en Look@Me (filmprojekt) binne dêr foarbylden fan.

In oar foarbyld is it projekt dat it Friesland College (D’Drive)  tegearre mei in Malteeske skoalle oangiet; eksposysjes en útwikselingen resultearje hjirby yn mienskiplike produksjes foar Opera Spanga. Dosinten út beide stêden jouwe dêrneist workshops oan elkoars learlingen en meiinoar ûntwerpe se kostuums foar de opera Aida, ek in programma-ûnderdiel fan LF2018.”

Wat bart der mei de ideeën fan de Friezen oangeande 2018?

“Inisjatyfnimmers melde harren by de loketten yn harren gemeente, by Stipe.frl, by de Greidesesjes, it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje en yn it Ynformaasjesintrum yn de Blokhúspoarte. De plannemakkers krije advys en wurde fierder op wei holpen.

De projekten nimme we op yn in evenemintekalinder. Op dy wize hâlde we de sprieding yn ‘e gaten, sadat der in lykwichtige aginda ûntstiet. De stipe fan LF2018, gemeente en/of provinsje is yn guon gefallen finansjeel. In foarbyld hjirfan is De Iepen Mienskips Fûns-Bonus (IMF-Bonus) fan 2.018 euro.”

Wêrom dogge der gjin Fryske keunstners mei oan it projekt 11Fountains?

“Yn fierwei de measte projekten wurkje Friezen mei elkoar gear. Oft se no keunstner, ûndernimmer of frijwilliger binne. 11Fountains is in projekt dat him ek op de ynternasjonale kultuertoerist rjochtet. Dêrom hawwe we keazen foar in alvetal keunstners dy’t ta de top fan de keunstwrâld hearre.”

Hast it antwurd op dyn fraach noch net fûn? - Besjoch de oare kategoryen

Finansjeel

Programma

Kontakt

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators