Wat is it budzjet fan LF2018 en hoefolle jild is der binnen?

“Goed njoggentich prosint fan de begrutting is dekt. Dat is ûngefear 72 oant 74 miljoen euro. Mei noch in dik healjier te gean, besykje ús projektlieders, fûnse- en sponsorwinners noch ekstra finansjele middels binnen te heljen. Om it yn kontekst te setten: foarige Kulturele Haadstêden lykas Mons (2016), Rotterdam (2001) en Aarhus (2017), wurken mei budzjetten fan tusken de 51 en 71 miljoen euro.”

Hoefolle fan it begrutte jild giet nei de projekten fan Kulturele Haadstêd?

“De stichting LF2018 is in rezjyorganisaasje en hat sa’n 53 miljoen euro reservearre as stipe foar de projekten dy’t ûnder de ‘paraplu’ fan de stichting falle. De oerbliuwende 21 miljoen is bedoeld foar langrinnende, mearjierrige projekten, lykas Lân fan Taal. Dy falle finansjeel bûten de stichting.”

Hoe komt LF2018 oan de finansiering?

“Gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân nimme in grut part fan de finansiering foar harren rekken, wêrmei’t hja Kulturele Haadstêd 2018 mooglik meitsje.

De ministearjes fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en Binnenlânske Saken hawwe yn totaal in bedrach fan 7,5 miljoen euro tasein. De bydrage fan de Europeeske Uny bestiet út in fêste bydrage fan 1 miljoen en in bedrach fan 1,5 miljoen euro. Dizze bedragen wurde dit jier definityf tasein, op basis fan ûnder oaren de kwaliteit fan it programma.

Njonken bydragen fan de oerheden bestiet de finansiering út lokale, nasjonale en ynternasjonale fûnsen, bydragen út it bedriuwslibben en merchandise/ticketing.”

Sykje de projekten tegearre mei de organisaajse LF2018 nei subsydzjes?

“By in oantal oanfragen foar fûnsewinning lûke we tegearre mei de projekten op. Wêr’t it kin dogge we safolle mooglik meielkoar. In grut oantal fûnsen stiet dat lykwols net ta, om’t se allinne dielprojekten finansearje wolle.”

Hoefolle haadsponsors LF2018?

“Twa: ING en het LOF. Der wurdt op it stuit praat mei in tredde kandidaat, mar dat hâlde we noch efkes stil.”

Hast it antwurd op dyn fraach noch net fûn? - Besjoch de oare kategoryen

Eftergrûn

Programma

Kontakt

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators