Wannear is de offisjele iepening fan it Kulturele Haadstêdjier?

“Mei in trijedaags festijn traapje we offisjeel ôf yn it wykein fan 26, 27 en 28 jannewaris. Net allinne Ljouwert wurdt yn kulturele feestlikheden ûnderdompele, mar hiel Fryslân! We hawwe artistyk lieder Ira Judskovkaja frege om der in ûnferjitlik barren fan te meitsjen. Sy en har team wurkje op it stuit oan de ynfolling fan it programma.”

Wannear meitsje jim it folsleine programma bekend?

“Dat dogge we yn ‘e hjerst fan 2017. Krekt as in protte foargeande Kulturele Haadstêden fan Europa, meitsje we it programma ûngefear 100 dagen foar it begjin fan 2018 bekend.”

Wat is it ferskil tusken it haad- en mienskipsprogramma?

“It haadprogramma bestiet foar it grutste part út de eveneminten sa’t we dy yn 2013 yn it winnende bidbook beskreaunen. Dit is de programmapresintaasje oan de Europeeske sjuery. It binne de inisjativen dy’t betocht binne troch programmamakkers binnen LF2018. It binne ek projekten dy’t wy finansjeel stypje. It haad- of kearnprogramma bestiet út ûngefear 45 projekten. Dêrneist fynt yn 2018 it mienskipsprogramma plak, makke troch de Fryske befolking sels. It binne ideeën út de doarpen, it plattelân en de stêden. Tink hjirby oan in toanielfoarstelling yn in doarp of in wrâldrekôrpoging om de grutste haakte tekken fan de wrâld te meitsjen. De Fryske mienskip tsjinne mear as 850 plannen yn!"

Hoefolle projekten út jim haadprogramma geane troch?

“Yn jannewaris 2017 stie de teller op 85 prosint.”

Wannear krije projekten fan jim in ‘go-or-no-go’?

“Dat ferskilt per projekt en is ôfhinklik fan ferskillende faktoaren. Sa hawwe eveneminten dy’t letter yn 2018 plakfine oer it algemien mear tiid om harren begrutting en plannen te meitsjen.

We ferwachtsje yn maaie 2017 dúdlikheid te hawwen oer de helberheid fan de projekten. Nei in definitive ‘go’ nimme we se yn ‘e hjerst mei yn de presintaasje fan it algemiene programma fan Kulturele Haadstêd.”

Wêr sille nei alle gedachten de measte besikers op ôfkomme?

“Royal de Luxe sil yn augustus sûnder mis in pear hûndert tûzen minsken op ‘e lappen bringe. It is op foarhân in unyk barren, om’t it Frânske selskip net earder yn Nederlân optrede. Wrâldwide besikersoantallen fan dit selskip sprekke ta de ferbylding: Antwerpen (2010) hie 800.000 besikers, Londen (2006) koe rekkenje op in miljoen en Mexico (2010) rûn der fier út mei 3,5 miljoen besikers.

By de grutte tentoanstellingen yn it Fries Museum oer Mata Hari (start 14 oktober 2017) en Escher (start 28 april 2018), ferwachtsje we in soad besikers.

As de tentoanstelling oer it wurk fan Alma Tadema yn it Fries Museum in foarbode is, dan meie we ús opmeitsje foar in flink oantal besikers. Dizze tentoanstelling wie ek ûnderdiel fan it programma fan LF2018 en waard troch 158.000 minsken besocht. Dat wie hast it dûbele oantal besikers as we ferwachte hienen en it smiet de Fryske ekonomy mar leafst 7,6 miljoen euro op.

We ferwachtsje foar de Iepening en de Re-Opening (slotmanifestaasje) elke dei tsientûzenen besikers. Oare projekten dy’t nei alle gedachten in soad bekyk krije binne 11Fountains, De Stormruiter, Farm of the World en Sense of Place.”

Hoefolle minsken ferwachtsje jim yn 2018?

“We ferwachtsje dat Ljouwert-Fryslân ûngefear 1,4 miljoen minsken lûkt, dy’t meiinoar goed binne foar 4 miljoen projektbesiken.”

Wêr wurde aanst de kaarstjes online ferkocht foar de foarstellingen?

“Us stribjen is om ien online loket yn te rjochtsjen, wêr’t besikers mei de druk op in knop alle kaartferkeapjende eveneminten en projekten binnen it programma fluch en ienfâldich fine. Sa tinke wy sawol it publyk as de produsinten it bêste te tsjinjen.

Op it stuit wurdt der hurd wurke om dit systeem foar elkoar te krjien. Dit dogge we yn gearspraak mei it grutste part fan de (kaartferkeapende) produsinten fan it haadprogramma. It proses wurdt begelaat troch de betûfte ticketeers fan stedsskouaboarch De Harmonie, it Fries Museum en in ûnôfhinklik ekspert  (Jildiz Heddes). Om’t dit noch yn ûntwikkeling is, kinne we noch neat sizze oer prizen en oare programmadetails.”

Hast it antwurd op dyn fraach noch net fûn? - Besjoch de oare kategoryen

Eftergrûn

Finansjeel

Kontakt

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators