Kulturele Haadstêden komme altyd yn pearkes. Njonken Ljouwert-Fryslân is yn 2018 ek Valletta (Malta) Kulturele Haadstêd fan Europa. We wurkje dan ek in soad gear yn de foarm fan útwikselingen lykas Potatoes Go Wild, Opera Spanga, Behind the Front Door of Visual Arts. Troch de wei fan ús kulturele programma wolle we ek de bannen mei oare mienskippen yn Europa fersterkje en fernije.

Hast kontakten yn Europa dy’t ús dêr by helpe kinne, om’t se goed oanslúte by de eveneminten dy’t we organisearje? Dan wolle we dêroer graach mei dy yn gesprek! Jelle Burggraaff is ferantwurdlik foar sokke gearwurkingen. Kinst him fragen stelle oer de gearwurkingsmooglikheden of útwikselingsprojekten tusken Ljouwert en Valletta fia jelleburggraaff@2018.nl.

Valletta 2018

foarige kulturele haadstêden

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators