Club2018, spesjaal foar MKB-bedriuwen

Foar MKB-bedriuwen hawwe wy in oantreklik sponsorprogramma. Wy jouwe 2.018 MKB-bedriuwen de mooglikheid om foar € 2.018,- 'official sponsor' te wurden.

Dit krijst as Clublid:

  • it eksklusive gebrûksrjocht fan it logo 'Official Clublid 2018', mei byhearrend promoasjepakket
  • in fermelding op de website en yn offisjele úterings, lykas it programmaboekje en de namme fan it bedriuw op de 2018 sponsorauto dy't troch hiel Fryslân rydt
  • de mooglikheid in produkt ta te foegen oan de merchandising, ûnder it label fan 2018
  • twa kear yn 't jier in Club 2018-netwurkgearkomste mei nijsgjirrige sprekkers
  • twa eksklusive tagongskaarten foar de iepeningsseremoanje fan Ljouwert-Fryslân 2018
  • twa eksklusive tagongskaarten foar de slutingsseremoanje fan Ljouwert-Fryslân 2018
  • de mooglikheid ta it bestellen fan (relaasje)kaarten yn de foarferkeap fan maaie ôfiepenje wy hjir ús webwinkel.

Eksklusyf foar Club2018 leden: dyn produkt yn ús webwinkel

Wolsto dyn produkt graach yn ús webwinkel sjen? Wurdt dan lid fan Club 2018. Dyn produkt makket dan diel út fan de offisjele merchandising fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Dit is in unike mooglikheid om dyn produkt sichtber te meitsjen oan in grut en ynternasjonaal publyk. Dyn unike 2018-produkt wurdt yn de webwinkel ferkocht. En dêrfoar hoechst mar 18% fan de ferkeappriis ôf te dragen oan it evenemintefûns fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Mei de opbringst kinne wy (nije) projekten en eveneminten stypje. Dêrtroch wurdt it programma fan 2018 noch moaier.

Dus do promoatst en ferkeapest dyn unike 2018-produkt en mei-inoar soargje wy derfoar dat Ljouwert-Fryslân 2018 noch moaier, sichtberder en suksesfoller wurdt!

Hast noch fragen? Stjoer dan in e-mail nei sponsor@2018.nl

Nei dyn oanmelding wurdt der kontakt mei dy opnaam foar in ôfspraak.

Hoofdsponsor Club2018
Hoofdsponsor Club2018
Sponsors Club2018