De Iepening

It grutte momint. No sil it écht begjinne.

Sense of Place

Lânskipskeunst, mei en yn it waad.

Water Connecting

In wiere wetterambassade yn de stêd.

Celebrating Diversity

The Sea! The Sea!

In ynternasjonaal literatuerfestival oer de rol fan de see op ús wize fan libjen.

Explore the North

It stedsfestival wêr’t de ynderlike minsk him oan opwaarmje kin. Explore the North wurdt ít brede keunstefestival fan Ljouwert.

Farm of the World

We litte sjen hoe’t kreativiteit en gearwurkjen libben bringe kinne yn fergiene gloarje. En hoe’t in lyts lân grut wêze kin yn de produksje fan biologyske boeketten, keramyk, iten en mear.

Eleven Fountains

Alve fan de meast foaroprinnende keunstners fan de wrâld waarden keppele oan alve Fryske stêden.

Under de Toer

Elke tsjerke hat in ferhaal dat de mienskip ûnder har toer ken. Dy ferhalen fertsjinje it om heard en sjoen te wurden troch in grut publyk!

Potatoes Go Wild

Potatoes go Wild is in keunstprojekt dat sjen lit hoe’t boeren op moderne wize fûnemintele libbensmiddels produsearje  en hoe’t dy dan wer by ús op tafel bedarje.

Strangers on Stage

Strangers on Stage bringt ynternasjonale poadiumkeunsten en reade loper-premjêres nei ús Fryslân.

At the Watergate

Tûzenen muzikanten út hiel Europe trede trije dagen lang op.

De Reuzen | Royal de Luxe

Poppen sa grut dat se mei kop en skouders boppe de kantoargebouwen útstekke.

Sailing on the Grass

In bysûnder stikje wrâld: it terpelânskip.

Noordelijk Film Festival

It Noardlik Film Festival is altyd al genietsjen, mar yn 2018 noch in bytsje ekstra.

Yiddish Waves

Arabyske muzikanten en Fryske dichters moetsje elkoar en der komt in dance-event mei ynternasjonale DJ’s: Klezmer meets Chaabi.

Mata Hari Expo

Lit dy meislepe yn sawol de myte as it werklike libben en fergapje dy oan har persoanlike dingen en brieven.

Dada yn Dr8888

Fan De Stijl is Mondriaan it bekendste lid, dy kenst grif. Der is in Mondriaan-Dutch Designrûte, mar ek in tentoanstelling en in iepenloftprogramma.

Lân fan Taal

Lân fan Taal is in grut programma wêryn’t dy meartaligens it tema is.

Lost in the Greenhouse

Lost in the Greenhouse is in gearwurking fan Orkater, teater De Lawei en Bureau Klaas Toering, yn ‘e mande mei Poalske teatermakkers.

Welcome to The Village

‘In wrâld dy’t wurket‘: dat is it stribjen fan de grutte groep freonen efter Welcome to The Village.

LOOK@ME

Elkenien kin it en elkenien docht it: flogge is hielendal yn. Mar de bern yn Ljouwert pakke it krekt efkes wat trochtaastender oan. Troch de wei fan in profesjonele dokumintêre litte se sjen wat him allegearre ôfspilet efter harren foardoar.

De Reis

De reis stelt ûnderwerpen oan de oarder dy’t yn de Fryske mienskip spylje en lit keunstners in artistyk antwurd jaan op dy maatskiplike fragen.

8ste Dag

Guon dingen binne net yn hokjes te pleatsen. Moatst ek net wolle. Just dý ideeën, eveneminten, inisjativen en projekten dy’t har net yn in kategory fange litte, fynst werom yn it iepen programma.

Fossylfrij Fryslân

In fossylfrij Fryslân yn 2025. Kin dat? Neffens Fossylfrij Fryslân wol. In bytsje ambisjeus miskien, mar yn de Fryske provinsje sette hûnderten enerzjy-inisjativen har der al in skoft foar yn. 

Escher

Ast de populêrste keunstner fan de 20e iuw bist, dan fertsjinnest in wiidweidige tentoanstelling.

Migrating Ceramics

As it op keramyk oankomt, binne wy de spil yn in wrâldwiid web. Keramyk ferspriedt him al iuwenlang oer de hiele wrâld – faak út Nederlân wei.

De Stormruiter

De Stormruiter is in totaalbelibbenis mei hynderacts, muzyk en teater. De haadrollen binne foar 120 Fryske hynders dy’t in ferhaal fertelle oer de ivige striid tsjin it wetter.

Oranjewoud Festival

Yn it griene parklânskip Oranjewoud, ticht by It Hearrenfean, kinst tidens Royal Woods yntins genietsje fan in heechweardich, ynternasjonaal muzykprogramma.

Opera Spanga | Aida

Adje Lambertz

Yn septimber 2017 begjint nammentlik in multydissiplinêr projekt op alle Ljouwerter basisskoallen. It ûntwikkeljen fan in nij selsbewustwêzen en it oanwakkerjen fan krêft en kreativiteit steane sintraal.

Reopening

Yn novimber barst de stêd hast út har foegen fan alle eveneminten wêryn’t we de aldermoaiste mominten fan 2018 noch ris opnij belibje.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators