1st TAFISA European Sport for all Games

Hast wolris in tsiis troch de stêd rôljen sjoen? Yn augustus 2018 soe it dy samar gebeure kinne! Tidens de earste Tafisa European Sport For All Games litte Europeeske sporters dy yn ‘e kunde komme mei de kultuersporten út harren lân. En dêr is it Italiaanske lancio del formaggio, wêrby’t tsiizen troch de strjitten rôle wurde, der ien fan.

 Hast it oer Fryslân, dan hast it oer bûtensport. Fierljeppen, skûtsjesilen en keatsen binne ûnskiedber mei ús provinsje ferbûn. Se hawwe in rike histoarje en binne ferweven yn kultuer en identiteit. Fryslân is dêryn oars net unyk. In protte Europeeske lannen hawwe har eigen kultuersporten. Sporten dy’t it ferhaal en de skiednis fan lannen of regio’s sjen litte. Sporten dy’t ferbine en wêrby’t wille foarop stiet.

 Sporte sûnder grinzen
De earste Tafisa European Sports For All Games draait folslein om dy ferburgen mar regionaal populêre sporten. Slovenië lit ús yn ‘e kunde komme mei pandolo, de Finnen litte ús Pesäpallo sjen, Finnish baseball, en de Britten stjoere in disabled martial arts team. Ek sporters út Spanje, Portugal, Poalen, België, Dútslân, Hongarije, Denemarken en Grikelân showe harren sport.  

 Programma
In sportevenemint dat syn wjergea net kent foarmet it startsein fan de ‘Games’. Fan dat momint ôf fine der fiif dagen lang yn hiel Fryslân demonstraasjes plak, wurde der wedstriden spile of sels folsleine toernooien organisearre. De earste Tafisa European Sports For All Games wurdt yn styl ôfsletten mei in feest for all.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators