Adje Lambertsz

Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn​.

As er noch libje soe koedest it him miskien wol álle wiken roppen hearre: ‘It is mei sizzen net te dwaan!’ It wie de favorite spreuk fan Adje Lambertsz, yn it Nederlânsk geen woorden maar daden. Lambertsz skopte it fan merkkeapman ta boargemaster fan Ljouwert, mei grutte bewûndering foar de krêft fan bern.

“Sjoch ris wat ik kin” is it tema fan dit sirkus 2.0-projekt. Jongeren en bern wurde dêrmei útdage om gear te wurkjen, dingen te doaren wêr’t se altyd al fan dreamden en sa harren talint te ûntdekken.

Oftraap mei Circus got Talent
Kommend skoaljier lûkt ‘Circus Adje’ yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 troch Ljouwert en lâns alle fyftich basisskoallen dy’t de gemeente ryk is.

Bern meitsje libbene piramides of jouwe spetterjende shows. Alle learlingen fan groep 5 en 6 wurde útdage om mei te dwaan. Se meie it sa mâl meitsje as se wolle, ûntdekke harren talinten en ûntwikkelje keunsten dy’t se noch net koenen. Wat se ek dogge, se soargje derfoar dat it in feestje wurdt.

Workshops op skoalle
Hawwe de learlingen en leararen de smaak hielendal te pakken? Dan kin der op skoalle keazen wurde foar ‘Circus Adje’-workshops. Dit is foar alle groepen. Miskien hat de boppebou in orkest? Of is der in skoalkoar? Ien dy’t helpe wol mei it dekôr? Alles kin, alles mei. Want yn it sirkus mei elkenien meidwaan.

Circus Adje yn de wiken en op it Strjitfestival

Ek de moannen dêrnei wurde der ferskate kulturele aktiviteiten yn tsien wiken en doarpen yn de gemeente Ljouwert organisearre. Dêr wurde bern, jongeren en harren buertgenoaten útdage om sels ek ris te aktearjen, dûnsjen of sjongen op in echt poadium. Yn maaie is der in feestlike ôfslúting fan Circus Adje op winkelpark De Centrale en it Frysk Strjitfestival, wêr’t elkenien fan mei genietsje kin.

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators