Dada in Dr8888

Wolst wat ferrassends ûntdekke? Wat geks, frappants en kleurryks? Set Drachten dan op dyn listje yn 2018. De stêd wêr’t de Dada-beweging yn 1916 oprjochte waard en wêr’t yn 1917 it earste manifest fan De Stjil én keunstnersferiening De Ploeg ferskynde. Genôch redenen foar feest dus: yn 2018 fiere Museum Dr8888 en it Van Doesburg-Rinsemahûs op ferskate wizen dy erfenis fan Dada en De Stijl.

Ea wie Drachten ít klopjend hert fan keunststreamingen as Dada en De Stijl. De Fryske skuonmakkers Thijs en Evert Rinsema, mar ek grutte nammen as Theo van Doesburg en Kurt Schwitters keazen hûndert jier lyn Drachten as ít plak om harren keunst te meitsjen.

Modernisme yn Fryslân
Museum Dr8888 lit sjen hoe’t dizze keunststreamingen fan betsjutting wienen foar it modernisme yn Fryslân. Hoe libje se fierder yn de tiid fan no? En wat betsjut De Stijl foar ynnovaasje en design? Fjouwer boeiende tentoanstellingen oer it bysûndere ferhaal fan Drachten en de ynfloed op keunstners en harren artistike produksje nei de Twadde Wrâldoarloch.

Bûten syn muorren trêdzje
Drachten omearmet har skiednis yn 2018 mei in revolúsje yn kleur. Ek bûten de muorren fan it museum organisearret Museum Dr8888 ferskate aktiviteiten en eveneminten yn it ramt fan De Stjil en Dada. Dêrby wurket it museum gear mei oare (kulturele) partners, ûndernimmers en ynwenners fan Drachten om harren wenplak de kleurichste stêd fan Nederlân te meitsjen.

Aktiviteiten
Yn de strjitten fan Drachten is bygelyks in Dada Poëzyrûte te folgjen, der wurdt in Dada moadeshow organisearre en der ferskine reuseftige Stijlmeubels op de pleinen. Ek yn etalaazjes, yn buerten en yn stegen komst prachtige hjoeddeistige úterings tsjin fan Dada en De Stijl. Dus yn 2018 kiest foar Drachten: Stêd yn Styl!

 

Besjoch hjir alle tentoanstellingen

Besjoch mear fan Drachten Stad in Stijl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators