De Friese Dansdagen

We dûnsje as we bliid binne, of fereale. Om swiid sjen te litten dat we oerémis binne of pyplyts in stikeme oerwinning te fieren. Dûnsjen jout treast en ferbynt. Ljouwert is yn oktober it brûzend hert fan alles dat hjirmei fan dwaan hat. Stedsskouboarch De Harmonie en poptimpel Neushoorn binne dan it episintrum fan de earste Friese Dansdagen.

Ynternasjonale alluere
Spraakmeitsjende foarstellingen út binnen- en bûtenlân siere de planken fan ús skouboargen nei’t it festival iepene is troch it ynternasjonaal priizge Nederlands Dans Theater. Fryske dûnsers skitterje op de ferskillende poadia en tidens it grutste Dûnsfeest mei elkenien de fuotsjes fan de flier dwaan.

Ynklúzje en Ferskaat
Dûns is foar elkenien. It kent gjin drompels as leeftyd, eftergrûn of fysike beheiningen. Lit dyn gefoel sprekke en beweech dyn lichem, op hokker wize dan ek.

Jonge koreografen meitsje spesjaal foar de Friese Dansdagen duetten foar falide en oarsfalide dûnsers – in ferfolch op it Europeeske projekt Let’s Dance – en bern kinne mei harren pakes en beppes de flier op om de generaasjekleau te oerbrêgjen.

Gearwurking sûnder grinzen
De suksesfolle Dance Battle meitsje we extra large mei middelbere skoalbern en Fryske urban dancers. Tegearre mei Holland Dance en it Spaanske La Compaña Danza Vinculados komme der eksperts nei Ljouwert om te praten oer de ferbinende krêft fan dûns. We rikke fanút it Noarden nei it Súden en wurkje dêrby nau gear mei it lanlike festival Nederlandse Dansdagen fan Maastricht. Frysk en Limburchsk talint skitteret op it poadium!

De Nederlandse Dansdagen, Keunstwurk, Kunstkade, Jeugd Dans Opleiding Friesland, de oplieding Artiest Dans fan it Friesland College en DeDansDivisie jouwe dûns yn Fryslân in flinke boost en dat fan 2018 ôf elke twa jier.

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators