‘Kulturele Haadstêd? Mienskip? We sille jim mienskip sjen litte!’, tocht teatergroep De Paupers. Se makken in fontein opboud út piemels, mei yn it hert in iepenbier toilet. Wurdt it toilet brûkt, dan giet de fontein spuitsjen. Echt élkenien kin dus bydrage oan dit keunstwurk.

Pisjen is in universele needsaak. Hoe’st der ek útsjochst, hokker taal ast ek praatst, ofst no in man of in frou bist: we dogge it allegearre. Yn 2018 kinst op in wol hiel bysûnder plak pisje: yn de Pauperfontein, yn ‘e folksmûle ek wol Piemelfontein of Jan Lul Fontein neamd. Fernimstich, ludyk én mei humor lûke de Paupers yn 2018 mei de fontein lâns stêden en doarpen yn hiel Fryslân. En wêr’t de lokaasje it tastiet, útwreide mei it teaterstik ‘Dy lul fan my’.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators