De Reis

De Reis is unyk yn har soart. In ûntdekkingstocht fan bewenners fan in doarp, wyk of mienskip én in keunstner. Tegearre stekke se de hannen út ‘e mouwen om te wurkjen oan kwestjes dy’t harren omtinken fertsjinje. Yn Nijhuzum meitsje boerehúshâldings in foarstelling oer it ôfskaffen fan it Europeeske molkkwotum, en yn Ljouwert fûnen trije fusearjende fuobalklubs meiinoar nije klubkleuren en in nije klubnamme: Leovardia. De Reis set keunst en kultuer yn as katalysator foar in moaiere wrâld en docht dat mei sukses.

Dit driuwtsjil foar feroaring is in inisjatyf fan Keunstwurk en ien fan de community art-projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018. Mei in tocht fan projekten litte de keunstners binnen de Reis sjen hoe’t keunst en kultuer feroaring ta stân bringt yn lytse mienskippen. De keunstner ûndersiket, freget, siket nei ynteresses. Tegearre mei in doarp, wyk of mienskip wurdt dêrnei in keunstwurk makke: in skilderij, foarstelling of optreden, alles is mooglik.

Twa foarbylden
Ast alles wurde kinst watst wolst, wat wurdst dan letter? Dat wie de liedende fraach yn it Reis-projekt fan produktûntwerpster Lisette Bokma. Bern út Heechterp-Schieringen ferklaaiden har dêrop mei de klean fan harren dreamberop en waarden op teatrale wize fotografearre. Jongeren út deselde wyk skreaunen der tips en oanmoedigen by oer hoe’t de bern harren dream berikke kinne. Dizze foto’s en tips binne bondele en útbrocht yn in moai boek.

Ek sa moai: de ynwenners fan De Hoeve, wêr’t troch gemeentlike restriksjes gjin hûzen boud wurde mei. Sy meitsje tegearre mei dûns- en teatermakker Willy van Assen in grut bouwurk dat symboal stiet foar de winsk fan it doarp om bouwe te meien.

Debatsyklus
Yn 2017 en 2018 fiert De Reis yn hiel Fryslân projekten út. Dêrneist wurdt der in lêzing- en debatsyklus mei de namme Dwarskijkers organisearre, oer it belang fan keunst as katalysator foar maatskiplike feroaring. Hâldt dizze webside yn de gaten foar mear ynformaasje.  

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators