De foarstelling 'Grote Schaats in het IJs'

De Reuzen van Royal de Luxe: reuzeteater foar jong en âld. Reuseftich prachtich en geweldich yndrukwekkend; út Frankryk komt it strjitteaterselskip Royal de Luxe en har ikoanyske reuzen komme mei nei ús Ljouwert. Op 17, 18 en 19 augustus kuierje, ite, dûse en sliepe se yn de Fryske haadstêd.

Oer de foarstelling

Grutte reed yn it iis

Miljoenen jierren lyn wie der in grutte striid; fan it wetter tsjin it lân. Wilens is bekend dat dy striid plakfûn yn de Fryske kontreien. De wylde weagen fan de see bolderen as in keppel kei op in lânmacht fan mannen wapene mei skeppen en houwielen. De diken dy’t de mannen opsmiten hienen, waarden oanhâldend trochbrutsen en wer opmakke mei balken, wêrtusken fette lapen spand wienen. Se brutsen, waarden makke, sljochte en oprjochte, hieltyd wer ferwoaste en hieltyd wer opboud.

En doe ûntstie it idee om in hynder fan Troje ûnder de seespegel te ferstopjen. Mei help fan de goaden fan dy tiid, waard in reuzedûker fûn dy’t himsels iuwenlang ûndergrûnsk ferbergje koe, om dan ûnferwachts oerein te kommen, bergen op te pakken en se as heapen modder del te smiten dêr wêr’t se de diken beskermje soenen.

en doe't...

It wie yn dy tiid, de tiid fan de dykwachten, we kinne it net ferswije, dat der, tidens in fûle sniestoarm, in skeve toer ferskynde, dobberjend as in koark op de wylde weagen. Dit fartúch, sûnder seil of roer, koersend op Ljouwert, wêr kaam it dochs wei?

Hoe dan ek, de lokale befolking pleatste it ding boppe op harren haadterp. Sa waard it in fjoertoer, histoarysk symboal fan de stêd.

Mar wacht!

Dit alles soe in leginde bleaun wêze, as de reuzedûker net iuwen lyn in reuzedochter krigen hie. Op in nacht, yn augustus 2018, kaam se oan op it sintraal stasjon fan Ljouwert, fêstbesletten har heit te finen. It ferfolch fan dit ferhaal is noch net te boek steld…

Mar dat ûntdekst fan 17 augustus ôf!

Mear witte?

Bliuw op de hichte

En skriuw do yn foar ús nijsbrief.

Praktyske ynformaasje

De data, tiden, rûte en mear!

efkes foarstelle...

Meitsje kennis mei de Reuzen dy nei Ljouwert komme.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators