Wolkom op it plattelân!
Dit is ús doarp.
Ons Dorp.
Unser Dorf.
Nasza wioska.
Us doarp tusken de greiden.
Oan de grutte marren.
It bûtenfjild.
Aan de machtige rivier.
Gdzie mozesz poczuc zapach morza.
All’ ombra delle montagne.
Neben dem dunklen Wald.
Bosken om yn te ferdwalen…

Wolkom yn Europa. Europa dêr’tst wennest, dêr’tst wurkest, dêr’t dyn famylje is of dêr’tst wolris mei fakânsje giest.

Wolkom yn Doarp Europa, dêr’t njoggen doarpsminsken fol fjoer en yn alle talen dy’t se yn de macht hawwe sjonge, spylje, dûnsje en fertelle. Fertelle oer it famke dat al sa lang yn ferwachting is. Se draacht de takomst yn de búk en lûkt fan doarp nei doarp op, sykjend nei in plak dêr’t se feilich har poppe krije kin. It doarp mei it koekjefabryk? It doarp dêr’t se spikers meitsje? Of dochs it doarp dêr’t se reuzerêden meitsje foar de hiele wrâld?

Kom, sko oan, op de plakken dêr’t wenne en wurke wurdt en dêr’t de takomst op de wrâld komt.

Tryater reizget mei dizze kleurrike foarstelling lâns doarpen en stêden yn Fryslân. Dêr’t Elkenien is in Prutser ‘m op ûnferwachte plakken troch Fryslân ôfspile en Wereldburgers van de Voorstreek letterlik de Voorstreek yn Ljouwert as lokaasje kende, is Dorp Europa te sjen by lokale bedriuwen troch hiel Fryslân, mei in ynternasjonale konneksje. En yn húskeamers.

 

Besjoch de ferskillende subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators