11Fountains

In Alvestêdetocht oer it iis is in hieltyd gruttere seldsumheid: de reedrydtocht fan hast 200 kilometer oer natueriis waard foar it lêst yn 1997 riden. Praktysk as de Friezen binne, meitsje se dan gewoan in nije Alvestêdetocht. Net ferbûn troch iis, mar troch it sprankeljende wetter fan fonteinen.

Dy fonteinen binne makke troch ynternasjonale topkeunstners út alve ferskillende lannen. De makkers binne net samar keazen: der waard socht nei in oerienkomst tusken it wurk fan de keunstner en it karakter en de skiednis fan de oanbelangjende Alvestêdestêd.

Ferbûn troch wetter
De pleatslike befolking is nau belutsen by it ûntstean fan it nije wetterkeunstwurk. Yn elke stêd hat de keunstner in út de befolking gearstalde fonteinskommisje moete. Dizze kommisje late him of har rûn troch de stêd en wie yn petear mei de keunstner geduerende de kreative faze. As ‘ambassadeurs’ fan 11Fountains soargen de fonteinkommisjes foar draachflak ûnder de ynwenners.

Dizze unike gearwurking late ta waarme kontakten en in útsûnderlik, by de stêd en de lokaasje passend ûntwerp. Sa’t eartiids elkenien byinoar kaam by de âlde linebeam, sa binne de alve fonteinen no in sintraal moetingsplak. Net allinne foar de befolking, mar ek foar toeristen.

Nij kultureel erfgoed
11Fountains foarmet nij kultureel erfgoed en is in net te missen bestimming foar nasjonale en ynternasjonale toeristen. Dit grutste ynternasjonale keunstprojekt fan Ljouwert-Fryslân 2018 wurdt stipe troch de Provinsje Fryslân en de seis belutsen gemeenten.

De keunstners binne: Boalsert - Johan Creten (België) / Dokkum - Birthe Leemeijer (Nederlân) / Frjentsjer - Jean-Michel Othoniel (Frankryk) / Harns - Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla (Feriene Steaten, Kuba) / Hylpen - Shen Yuan (China) / Drylts - Shinji Ohmaki (Japan) / Ljouwert - Jaume Plensa (Spanje) / Sleat - Jorge & Lucy Orta (Argentinië & Grut-Brittannië) / Snits - Stephan Balkenhol (Dútslân) / Starum - Mark Dion (Feriene Steaten) / Warkum - Cornelia Parker (Grut-Brittannië).

www.11fountains.nl

Besjoch ek

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators