Farm of the World

Fan in lytse, ferletten buorkerij ferwurden ta in libben nij sintrum. In plak fan grientebou, ferantwurde itensproduksje en prachtige natuerboeketten: De Kreake yn Húns hat de ôfrûne trije jier in wiere metamorfoaze ûndergien. Mei Farm of the World lit se de krêft fan natuer en kreativiteit yn al har fasetten sjen.

Se komme oer de hiele wrâld wei: keunstners, ûntwerpers, boeren, ambachtslju en arsjitekten wurkje yn De Kreake ûnder it ynspirearjend each fan keunstneres Claudy Jongstra en har partner Claudia Busson. Mei lokale grûnstoffen meitsje se prachtige foarwerpen en litte se keunst, iten, buorkjen en design byinoar komme.

Claudy Jongstra
Thúsbasis fan Farm of the World is de ferletten buorkerij De Kreake yn Húns, mar it projekt strekt him út oant de studio fan keunstner Claudy Jongstra. Sy promoatet mei har wurk bioferskaat en it behâld fan natuerlik en kultureel erfgoed.

Farm of the World wol sjen litte watfoar ferskaat, kreativiteit en rykdom in lyts stikje grûn jaan kin: fan biologysk-dynamyske boeketten oant keramyk en fan iten oant in opliedingsplak foar jongeren mei in efterstân.

Lêzingen, workshops en rûnliedingen
De ‘risping’ fan Farm of the World wurdt yn 2018 op ferskillende mominten en wizen mei besikers dield. Op meardere tongersdeis fynt yn De Kreake in aktiviteit plak: fan in lêzing mei in biologysk-dynamysk middeismiel oant workshops natuerlik fervjen en rûnliedingen oer de bysûndere boerebûtenpleats.

Ald Sûkerfabryk
Dêrneist wurdt ek it âld sûkerfabryk yn Grins as laboratoarium en tentoanstellingslokaasje by it projekt belutsen. Yn dizze enoarme romte is, tidens de grutte tentoanstelling Waste – No Waste Factory ek in nij keunstwurk fan Claudy Jongstra te sjen.

Tún fan fervegewaaksen
Wa’t altyd al ris yn ‘e studio fan Claudy Jongstra sjen wollen hat, kin syn hert ophelje yn de Blokhúspoarte: dêr is de Honeysuckle Blue(s) tún te besykjen: dizze tún mei histoaryske fervegewaaksen wûn yn 2016 de Silver-Gilt Medal op de prestisjeuze Britske RHS Chelsea Flower Show. In moai foarpriuwke fan Farm of the World.

Besjoch hjir alle subprojekten

Besjoch hjir alle workshops

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators