Fossylfrij Fryslân

In Fryslân sûnder fossile brânstoffen: yn 2018 lit it programma FossylFrij Fryslân sjen dat it kin. Mei de grutste sinneboatrace ea bygelyks. Of in twa wiken duorjende Elfwegentocht wêr’t alle Friezen útdage wurde sûnder fossile brânstoffen te reizgjen. En dat is noch mar it begjin…

Fryslân hat al hûnderten enerzjy-inisjativen. Fan enerzjyneutrale wenningen en fossylfrije festivals, oant enerzjyprojekten op skoallen en fansels de fyftich koöperaasjes dy’t enerzjy opwekje yn harren eigen doarp. Yn 2018 sette we dizze inisjativen yn it sintsje én litte we sjen dat der noch mear mooglik is.

Elfwegentocht
It hichtepunt fan FossylFrij Fryslân is de Elfwegentocht. Hiel Fryslân ferpleatst him dan sûnder ek mar in drip disel of benzine te brûken. Elektryske taksys en boaten, Segways, griengasbussen en e-fytsen sille it ferkearsbyld bepale. In idee fan ús eigen Fryske jeugd.

 Futuristyske parade
Futuristyske ferfiersmiddels fan oer de hiele wrâld komme nei Fryslân, oer de sneldyk fan Drachten nei Ljouwert. Yn dy parade binne noch plakjes frij, want minsken dy’t in duorsum ferfiersmiddel betinke binne fan herten wolkom. Fan jong oant âld, fan basis- oant hegeskoalle en fan strjitte of doarp oant enerzjykoöperaasjes: de hiele mienskip kin meidwaan.

 De enerzjypearels fan Fryslân
Tsien Fryske doarpen geane de striid om de heechtse enerzjybesparring oan, fiiftûzen ekstra wenningen krije sinnepanielen, der binne enerzjyneutrale festivals, hûndert fossylfrije bedriuwen, hûndert skoallen dogge wat mei enerzjy, de grutste sinneboatrace ea, de griengasûntwikkelingen, de enerzjyneutrale wenningen. Al dizze projekten: we sille se nóch mear sjen litte.   

Enerzjykongres
In grut enerzjykongres folget yn septimber, wêr’t 2018 organisaasjes útdage wurde te tekenjen foar in fossylfrij bestean yn 2025. Want ek nei 2018 giet it los yn Fryslân mei dizze dwaners!

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators