Holstmeer

Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn​.

Stap yn de ûnbekende wrâld fan HOLSTMEER, in konfrontearjend en meislepend trijelûk, spile troch de fammen fan Fier! en de detinearren fan de Ljouwerter finzenis. Lokaasjes dy’t foar de measte minsken ûnsichtber gebiet binne, mar wêrfan’t de anonime bewenners dochs in wichtich diel útmeitsje fan de mienskip.

De jonge bewenners fan Fier! hawwe te meitsjen hân mei geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes. In pear hûndert meter fierderop ferbliuwe de gefangenen. Dieders en slachtoffers libje oan de râne fan ‘e stêd, ticht op elkoar, mar strikt skieden troch muorren en slotten. Foar ien kear iepenje se meielkoar harren doarren oan de Holstmeerwei – elk yn harren eigen omjouwing – en nimme de bewenners fan dizze sletten wrâlden it publyk letterlik en figuerlik mei nei binnen.

Trije wrâlden, ien ferhaal 
Twa akteurs fiere tegearre mei it personiel fan Fier en de finzenis it publyk mei troch de kompleksen hinne. Yn Fier fertelle de fammen harren ferhaal yn ‘Catwalk’. De detinearren spylje ‘In mijn hoofd ben ik vrij’ yn de gymnastykseal fan de finzenis, om it publyk foar it tredde part fan it trijelûk einigje te litten op it plysjeburo. In gebou dat as rjochtshânhâlder en beskermer hast symboalysk tusken de twa ynstellingen yn stiet en wêr’t de ferhalen fan de bewenners byinoar komme. Dêr spylje de akteurs it lêste part fan it trijelûk: ‘Weg!’ Ynspirearre op de ûnderfiningen fan de fammen en de mannen en skreaun troch Bouke Oldenhof.

Dieder en slachtoffer
Yn HOLSTMEER rinne winsk, wierheid en fantasy troch elkoar en wurde ûnsichtbere minsken sichtber. Wat betsjut it om dyn frijheid te ferliezen of just wer werom te finen? Hokker dreamen en miste of nije kânsen libje der efter de doarren fan Holstmeer? Hoe rekkest it paad kwyt en hoe makkest de stap werom it frije libben yn?

In unyk teaterprojekt wêryn’t de grins tusken dieder en slachtoffer foar efkes ferdizenet, en dat spylers en publyk noch lang bybliuwe sil.

  1. Fier is it lanlike ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes
  2. PI Ljouwert is sawol in Hûs fan Bewaring as finzenis
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators