Iepen UP

Iepen UP is in programma fan in jier oer frijheid, ferskaat en fragen. Oer hoe’t we mei-inoar libje yn in wrâld dy’t feroaret. Publyk, wers fan monokultuer, sykjend nei multy-perspektyf, dreaun troch nijsgjirrigens.

Filter bubbles en frijheid
Iepen mienskip betsjut iepen maatskippij. Klinkt goed, mar hoe dogge we dat? Hoe geane we dan om mei frijheid, ferskaat, demokraasje, filter bubbles en kwestjes dy’t de mienskip djip ferdiele? Tink mar oan diskusjes oer flechtlingen, rasisme, ûngelikens, klimaatferoaring of Europa’s ûnwisse takomst.  

As de wrâld feroaret, wat wolle we dan út it ferline meinimme de takomst yn? Wat moatte we loslitte? Wat hawwe we nedich? Wa dogge der mei? Dizze fragen steane sintraal yn Iepen UP.

Doch mei
Diel dyn ideeën online en tidens it wyklikse jûnsprogramma Iepen UP Live, foar diskusje en optredens yn Neushoorn. De sprekkers, eksperts, reboeljemakkers, keunstners en saakkundigen komme út hiel Europa wei en geane it gesprek oan mei it publyk. Folgje ek de syktocht fan 18 millennials út hiel Fryslân, op syk nei antwurden op dizze fragen.

Fier it mei tidens it Fryske Befrijdingsfestival. Kom yn ‘e simmer nei de bûtenbios om films te sjen en dûnsje mei tidens live optredens. Wurd útdage troch fersetsaksjes fan keunstners út binnen- en bûtenlân om’t je no ienkear somtiden yn aksje komme moatte. Tel mei hoefolle nije minsken ofst wol net moete hast, bygelyks yn it Meet UP kafee yn Ljouwert mei nijkommers en lokals. En kom foaral ek nei de Re-Opening fan 2018, wêr’t we de resultaten fan ús syktocht wrâldkundich meitsje.

Doch mei, om’t de mienskip no ienkear fan ús allegear is.

Mear witte oer Iepen UP

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators